Oerol as ôfspegeling fan de maatskippij: "It festival moat ynklusiver"

Oerol moat mear ien gehiel wurde én moat in breder publyk lûke. Dat wol de nije algemien direkteur fan Oerol, Siart Smit. Freed is de 37ste edysje fan it muzyk- en teäterfestival op Skylge úteinset. Skylger skoalbern hiene de eare om it festival ôf te traapjen.
Oerol online
Oerol wol mear in ôfspegeling wurde fan ús maatskippij, fynt Siart Smit as nije direkteur fan Oerol. "We willen het festival zijn waar alle generaties door elkaar rondlopen, maar dat zie je nu ook al wel", aldus Smit.
"Ook willen we meer mensen trekken die minder makkelijk naar het theater of het museum gaan. Zij moeten zich hier ook welkom voelen." Om dat foar mekoar te krijen sil it festival sjen nei it oanbod. "Wat je nu bijvoorbeeld ziet op de Betonning, is veel urban culture en daarmee trek je een ander publiek."

Oerol as 'totaalervaring'

As nijkommer besjocht Smit alles mei in frisse blik en hy wol guon saken wat oars oanpakke. "We willen uiteraard verder bouwen op wat er is, op de goede inhoudelijke lijnen die er zijn die het grote publiek dat erop af komt."
De folgjende stap is neffens Smit dat Oerol as festival mear ien gehiel wurde moat. "We moeten afstappen van de losse onderdelen zoals een muziekvoorstelling, een expeditie of theater. We willen dat Oerol meer een totaalervaring wordt met het hele eiland als festivalterrein."
Dat wol de organisaasje dwaan troch mear foar ferrassingen te soargjen. "Een aantal dingen wil je natuurlijk van te voren plannen, maar er moeten ook gewoon dingen gebeuren."
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Tema dit jier is 'kantelende perspektieven'. Mei oare wurden: saken ris fan in oare kant besjen. Neffens artistyk lieder Kees Lesuis, past dit tema hiel goed by dizze tiid. "Het is een wezenlijk iets wat in het politieke debat weleens ontbreekt. Ik denk dat kunst en een festival als dit mooie ruimten bieden om het gesprek op te zoeken en niet gelijk te oordelen, maar eens goed na te denken met elkaar."
Oerol is freed úteinset. Oars as oare jierren is dat der freed oerdei ek al foarstellingen te sjen wiene, lykas Lost Tango fan Via Berlin en Part Time Paradise fan Tryater. Oerol duorret oant en mei snein 23 juny. It festival lûkt jierliks tusken de 50.000 en 55.000 besikers.