FIDEO: De magy fan Maarten, in dokumintêre

It wie syn ultime dream: de Alvestêdetocht swimme. Maarten van der Weijden sette ôfrûne simmer hiel Fryslân en Nederlân op 'e kop. Massaal stiene de minsken lâns de rûte en donearre Nederlân sawat 5 miljoen euro foar kankerûndersyk. Ek al koe er de tocht net útswimme - by Burdaard moast er it belies jaan - Maarten wie in nasjonale held wurden.
Omrop TIP: De magy fan Maarten
En hy set troch: Maarten van der Weijden sil fan 21 juny ôf de Alvestêdetocht wer swimme. Diskear wol er Ljouwert helje. Hy hopet op 'e nij op it entûsjasme fan de Friezen. Steane wy wer manmachtich oan de kant? Komme der nóch mear kameraploegen? Berikt dizze tocht in nij hichtepunt yn de Fryske alvestêdekoarts?

Betsjoening

Of is de spontane betsjoening no foarby, en binne wy stikem in bytsje 'Maarten-moe'? En hoe sit it mei Maarten: is de kwetsbere sportheld, de reus yn it wetter, tagelyk in tûke marketingman? Maarten is magysk, en de fraach is: hoe kin dat? Yn de Fryslân DOK 'De magy fan Maarten' sjogge wy werom én foarút mei publyk, sjoernalisten en Maarten sels.

Opnij besykje

De twadde poging fan Van der Weijden om de Alvestêdetocht te swimmen set takom freed útein om 17.30 oere.
Wêr swimt Maarten van der Weijden op it stuit? Hoe drok is it oan de kant? En wa helpt Maarten om safolle mooglik jild op te heljen foar kankerûndersyk? Dat is fan 21 juny ôf dei en nacht op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te folgjen.
Boppedat kinne minsken yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation in plaat oanfreegje op 92.2FM. Fierder kinne minsken in aksje melde op Omropfryslan.nl/maarten.