Hegemer ielaak is klear foar tocht nei Ingelân

Foar it earst nei tachtich jier set sneon wer in aak mei libbene iel ôf rjochting Ingelân. It giet om de Korneliske Ykes II, in rekonstruksje fan in aak dy't yn de jierren tritich brûkt waard as silend frachtskip. De ôfrûne tsien jier is der ûnderfining opdien mei it skip en de bemanning tinkt no de oerstek oan te kinnen.
Heecher ielaak is klear foar tocht nei Ingelân
Ien fan de bemanningsleden is de 75-jierrige Rinus Grondsma. "De boat is der klear foar en de minsken binne der klear foar", fertelt Grondsma. De bemanning is drok dwaande mei de lêste tariedings.
"De touwen noch efkes goed fuort hingje, dat we se fine kinne as se nedich binne en dat se te berikken binne". De tocht is in aventoer foar de bemanning. "It is dochs wol wat spannend, it is in aventoer dat wy oangean", seit Grondsma.
Keninklike berjochten foar de bemanning fan Korneliske Ykes II
Wiebe Veenstra sil ek mei op it skip. "Ik mei skjinmeitsje oan board", fertelt hy. Veenstra is grutsk op it skip en de tocht dy't hy mei de mannen belibje sil op de aak. "It is myn houten freondin", laket er.
Rinus Grondsma en Johannes Hobma oer de lêste tariedingen