Unbewenber ferklearre hûs op It Hearrenfean stiet wer te keap

14 jun 2019 - 15:20

It hûs op It Hearrenfean dat op ynstoarten stie, stiet wer te keap. Der wie in soad te dwaan oer it hûs oan It Mar. Michael en Marjolein Weiler hiene de wente noch mar krekt kocht fan húskemelker Anton Eizema, doe't it begûn te skodzjen, skuorren yn de muorren krige en ûnbewenber ferklearre waard. Sels de polityk kaam yn aksje om it stel te helpen.

Foto: CAMJO Media

Yn desimber soe der in koart pleit komme om't de famylje Weiler derfan oertsjûge wie dat Eizema derfan ôf wist. Mar krekt dêrfoar hat de famylje Weiler in skikking troffen, skriuwt Hart van Nederland. Sy hawwe in diel fan it jild werom en Eizema hat it hûs werom naam. Dy hat it no wer te keap set. Der moat noch wol in soad barre om de wente yn it buorskip It Mar wer wenber te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)