"Friezen moatte wenne oan de stienmurd"

14 jun 2019 - 14:55

De populaasje stienmurden yn Fryslân is wol te ferminderjen mar in definitive oplossing is der net. Dat jout it Meldpunt Steenmarters fan Landschapsbeheer Fryslân oan. "Controleer je huis op gaten of installeer schokplaten in de auto. Dat is eigenlijk het enige advies," seit Martijn Broekman fan Landschapsbeheer Fryslân. Dat orgaan hâldt foar de provinsje yn 'e gaten hoefolle lêst ynwenners yn Fryslân hawwe fan de stienmurd.

Minsken kinne maklik sjen oft stienmurden nachtlike besiten bringe oan harren hûs troch de boeidielen fan harren hûs te tsjekken. "Op de boeidelen kunnen pootafdrukken zitten. Soms kom je ook nesten tegen onder het dak," seit Broekman.

Benammen yn de stêd

Der komme alle dagen klachten binnen oer stienmurden by it meldpunt fan de provinsje. Benammen út de stedske gebieten: Drachten, It Hearrenfean, en Ljouwert. Mar ek yn Easterwâlde en yn Aldeboarn binne der in soad meldingen. Yn dat lêste plak is in proef dien mei it fangen fan stienmurden. It earste jier binne der 10 stienmurden fongen, it jier derop wienen dat der 20.

Skea troch stienmurd - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ynwenners fan Easterwâlde binne dúdlik op 'e hichte fan de stienmurd. Sa hat Peter Dekker al twa kear skea hân oan syn auto. Dêrom hat hy yn syn twa auto's in piperke ynstallearje litten dy't de bisten ferjeie moat. "Ek hawwe wy yn it hûs dwaande west mei de kezinen en de daksgoaten om der foar te soargjen dat de stienmurd der net mear yn komme kin," seit Dekker.

(advertinsje)
(advertinsje)