Advokaat widdo Van Seggeren freget frijspraak, fertochte ûntkent moard

14 jun 2019 - 15:31

De advokaat fan de widdo fan Tjeerd van Seggeren hat freedtemiddei frijspraak frege foar syn kliïnt. Neffens de advokaat kin it net oantoand wurde dat se achter de moard op har man sit. De feiten en ynformaasje dêrfoar ûntbrekke, seit hy.

Hy ropt de rjochtbank op te sjen nei it oantal ûndersyksmiddels en it resultaat derfan: dat is nul neffens advokaat Brian de Pree. Hy jout ta dat net alle ferklearringen fan syn kliïnt altiten krekt west ha, mar dy ferklearringen binne fiif moanne nei de moard optekene. Op basis fan it dossier kin de fertochte net sûnder twivel feroardiele wurde, fynt De Pree.

Reaksje fan de fertochte

De fertochte seit sels oer de situaasje: "Ik weet dat u een best moeilijke beslissing moet nemen, maar ik heb dit niet gedaan. Ik heb goede en slechte tijden gehad met Tjeerd. Mij wordt alles negatief uitgelegd. Mijn kinderen hebben hun vader verloren en groeien niet eens meer met elkaar op. Naar mij wordt steeds vanaf het begin gewezen en ik weet dat ik er niets mee te maken heb."

Strafeask 20 jier sel

De offisier fan justysje easke tongersdei 20 jier selstraf tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren. Hy is der fan oertsjûge dat de fertochte belutsen is by de moard op har man.

De útspraak is op tongersdei 11 july om 13.00 oere.

Foto: A. Zuurveen
(advertinsje)