SC Cambuur ferfangt keunstgersfjild yn it stadion

Der komt in nij keunstgersfjild te lizzen yn it stadion fan SC Cambuur. It sil de kommende wiken oanlein wurde, sadat it foar de start fan de kompetysje klear is. Oant it fjild der leit, traine de Ljouwerters earne oars yn de gemeente Ljouwert.
SC Cambuur krijt nij keunstgersfjild yn it stadion
It keunstgersfjild leit seis jier, sûnt 2013, yn it Cambuurstadion. "Dat is lang. Meestal is het na vier of vijf jaar wel klaar. Hier ook", fertelt algemien direkteur Ard de Graaf. "Deze mat is aan het eind van zijn termijn." Earder diene âld-trainer René Hake en takomstich trainer Henk de Jong al ferskate oproppen om it ferâldere fjild te ferfangen.

250.000 euro

De oanlis fan in nij keunstgersfjild kostet sa'n 250.000 euro. Dat is in hoop jild foar Cambuur, hielendal mei de wittenskip dat de klup noch mar twa seizoenen yn it hjoeddeistige stadion spilet. Boppedat hat Cambuur ek noch altyd in negatyf eigen fermogen.
Dochs is it neffens De Graaf wol in ferantwurde ynvestearring. "Het is van belang dat het veld over een paar jaar mee kan naar een nieuwe plek, een trainingslocatie of een amateurclub. Dat kan." Wêr't it keunstgers dan hinne ferhúzje sil, wurdt de kommende jierren besjoen.
© Omrop Fryslân
It betsjut wol dat de earste seleksje fan SC Cambuur de earste wiken fan de tarieding op in oar plak traine moat. Want as alles goed giet, leit it nije fjild der pas heal july yn. En dat wylst de Ljouwerters oer twa wiken oan it nije seizoen begjinne ûnder De Jong.
Wêr't Cambuur earst traine sil, wurdt yn oerlis bepaald. "En dat zou de eerste weken zomaar op natuurgras kunnen zijn", ferklapt De Graaf.