SC Hearrenfean twa kear op sneintejûn, dreech begjin foar SC Cambuur

14 jun 2019 - 12:36

Sportklup Hearrenfean sil takom seizoen twa kear op sneintejûn fuotbalje. Dat docht bliken út in konsept fan it wedstriidprogramma foar takom seizoen dat it fuotbalbûn KNVB freed nei de klups stjoerd hat. Dêryn stiet dat der alle wiken op sneintejûn om 8 oere in wedstriid spile wurdt.

Spilers fan SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

Dat betsjut dat Hearrenfean ien kear thús en ien kear út spilet op de nije tiid. It earste duel op sneintejûn is in thúswedstriid tsjin FC Utrecht. De oare wedstriid op sneintejûn is op 3 novimber tsjin ADO Den Haag.

De Feansters begjinne it seizoen op snein 4 augustus mei in útwedstriid tsjin Heracles Almelo om kertier oer tolven.

Wolst it hiele konseptpromma fan takom seizoen foar SC Hearrenfean en SC Cambuur sjen? Sjoch dan hjir foar it folsleine spylskema fan beide klups.

Drege start foar SC Cambuur

It fuotbalbûn makke freed ek it konseptprogramma foar de earste difyzje bekend. Dêrút docht bliken dat SC Cambuur in drege start hat.

It wie al bekend dat de Ljouwerters yn de earste thúswedstriid op freed 9 augustus út spylje tsjin degradant De Graafschap. Dat is de eardere klup fan trainer Henk de Jong. Dêrnei folgje in thúswedstriid tsjin Go Ahead Eagles (16 augustus) en in útwedstriid tsjin NAC Breda (30 augustus), dat ôfrûne seizoen ek degradearre.

(advertinsje)
(advertinsje)