Freedsmerk oer lokkige Friezen: "Wy binne in noflik folkje"

14 jun 2019 - 12:30

"We binne in noflik folkje. Oft it ûndersyk doocht net, hahaha." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op it ûndersyk fan it Fries Sociaal Planburo dat fan 'e wike stelde dat Friezen de lokkichste ynwenners fan ús lân binne. It meast waard neamd de rêst, de romte, en it tempo fan it libben. "Jo ha hjir minder stress."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In Friezinne dy't yn Amsterdam wennet, hope oer in jier of wat ek wer werom te kommen. "It is dêr sá drok, dat is net leuk mear!"

In jonge frou efter in rollator fertelde dat der fanwege har sûnens bêst redenen binne om net sa lokkich te wêzen, mar se is wiis mei de minsken yn har buert dy't altyd foar har klear stean. "De mienskip, no."

Immen dy't yn Dútslân berne is, fertelde dat je hjir eins alles hiel ticht by inoar fine. De klaai, de Wâlden, it wetter. "Je bent hier altijd zo maar weer ergens anders."

(advertinsje)
(advertinsje)