Jorrit Bergsma iepenet skoalle yn Drinte, ta neitins fan 9-jierrich famke

14 jun 2019 - 11:10

Reedrider Jorrit Bergsma fan Aldeboarn hat tongersdei yn Vries (Drinte) de ferboude skoalle De Vijverstee iepene, wist RTV Drenthe te melden. Bergsma waard dêrfoar útnûge, omdat hy in bysûndere bân hie mei Meike Kluivingh, dy't op de skoalle siet. It njoggenjierrich famke ferstoar op 1 maart.

Meike wie al in skoft slim siik doe't se by in reedrydwykein yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean yn kontakt kaam mei Jorrit Bergsma. Se frege him ferlegen om in hantekening en de twa rekken oan de praat. "Sûnt dy tiid siet se yn myn tinzen en waard ik fan fan har", seit Bergsma. En Meike waard fan fan him.

As Bergsma op 9 febrewaris fan dit jier op it WK ôfstannen yn Inzell de titel pakt op de tsien kilometer, betinkt er him gjin momint: "Myn gouden plak is foar Meike. Sy is de echte fjochter."

Flintertún

Mei Meike giet it dan hiel min. Se leit op bêd yn de wenkeamer as Bergsma fuort nei syn lêste wedstriid op natueriis by har thús komt om de medalje te bringen. In soad kin se net sizze, mar de grutte glimk op har gesicht seit genôch.

By de útfeart leit de gouden plak op Meike har kiste. En tongersdei iepene Jorrit Bergsma by de skoalle in flintertún. 'Meike's vlindertuin', stiet der op in buordsje by.

(advertinsje)
(advertinsje)