Amsterdamske studinteferiening sammelet jild yn foar harren skûtsje

14 jun 2019 - 10:39

In bysûndere aksje yn Amsterdam freed. De Amsterdamse Studenten Zeilvereniging Orionis hâldt in benefytbuorrel foar de reparaasje fan harren ferieningsskûtsje 'de Tiid Sil 't Leare'. De feriening kocht it skûtsje yn 2014 om te brûken foar trainingswykeinen en sylt mei yn de lytse A-klasse fan de IFKS. Mar yn de mêst sit in skuor en dy moat eins ferfongen wurde. In nije mêst kostet 20.000 euro en dat jild hat de feriening net.

Foto: A.S.Z.V. Orionis

Dêrom hat de feriening in crowdfundingaksje opset. Freedtemiddei hâlde se in benefytbuorrel, in 'BeneTiid Buorrel', sa't se it sels neame. "Dan hebben we de mogelijkheid om al onze donateuren tot nu toe te bedanken. Ook hebben we mensen uitgenodigd die de mogelijkheid krijgen om iets kleins te doneren", fertelt Bart Schueler fan Orionis.

Tongersdei wie al 40 persint fan it stribbedrach ophelle. "De afgelopen dagen zit er weer een stijgende lijn in. Het gaat de goede kant op en we zijn positief ingesteld, dus we hopen dat we er komen."

Fertikale skuor

De feriening hat ferskate mêstemakkers nei de stikkene mêst sjen litten. It giet om in fertikale skuor en dêrom is it op dit stuit net gefaarlik. "We houden het goed in de gaten. Op dit moment kunnen we er gelukkig nog mee varen. Maar we willen hem wel zo snel mogelijk laten vervangen."

(advertinsje)
(advertinsje)