Kollum: "Drankbakken"

"Doe't ik in jier of 16 wie, ha ik in kear goed dronken west fan 'e jonge jenever. Dat wie net bêst! Ik wie sa beroerd as in kat en neffens my hat it ek wol in wike duorre foardat ik wer hielendal helder yn 'e holle wie. Fierder binne der gjin nuvere dingen bard, mar foar my wie it ien kear en nea wer! Ik hie noch nea dronken west, mar as dit no it resultaat wie, dan begriep ik net wêrom't guon lju alle wykeinen smoar wiene. Miskien went it ast mear oefenest, mar ik wie der drekt klear mei.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Ik tocht hjir wer efkes oan doe't ik ferline wike in stik yn 'e krante lies oer dat der mear glêsbakken komme moatte. Der stie in foto by fan in pear folle glêsbakken mei dêromhinne in hiele protte lege flessen dy't op 'e grûn stiene. Want ja, as de bak fol is dan nimme jo fansels de flessen net wer mei nei hûs. Dat soe wol hiel dom wêze.
It foel my op dat it hast allegear drankflessen wiene. Ik ha dat wol faker sjoen by in glêsbak, benammen nei in wykein mei prachtich waar of yn in moaie simmer. As de sinne skynt, wurdt der neffens my folle mear dronken. Lekker bûten sitte by de barbecue en in flesse fan it ien oft oar is samar leech.
It is grif hiel gesellich, mar as ik al dy flessen om de glêsbak hinne stean sjoch, dan tink ik wolris dat der fiersten tefolle sûpt wurdt. Sjoen dy iene kear dat ik sa dronken en beroerd wie, begryp ik dat net. En omdat ik al jierren nochter bin, bin ik my der miskien wol mear fan bewust hoefolle immen drinkt as dyjinge sels.
Ik sis it thús dan ek altyd as ik fyn dat immen genôch hân hat. Ik sjoch nammentlik nei in pear drankjes al dat de eachjes wat skeel wurde en tichtfalle en dan wit ik ornaris wol hoe let it is. Alle manlju ha hjir dyselde kwaal, dus dat is net sa dreech. Mar ja, dan seur ik fansels want der is neat te rêden. Nee noch net.
It neidiel fan tefolle drank is ek it snoarkjen . Dat wie mei de IFKS ek altyd sa moai. Gesellich efkes sitte mar dêrnei de nachtrêst fan in oar bedjerre. En ast dan yn in boat leist mei tinne muorren en in moai swikje fan dy omkoalen , dy 't as bargen lizze te snoarkjen dan hast dêr hiel gau dyn nocht fan!
Ik wit net oft der froulju binne dy't snoarkje as se in flesse wyn op ha, mar it soe samar kinne, fansels. Mei dy partners ha ik ek begrutsjen. Wat dat oanbelanget is it miskien wol spitich dat ik nea drink want as je tegearre in pear hân ha, dan lizze je beide yn koma. Mar ik wol nea wer dronken wurde en ik fyn de measte drank ek net lekker.
It iennichste dat ik noch wolris mei, is in Bailey's mei in protte iis want dan priuwst de alkohol hast net. Mar ik kin it my net iens heuge hoelang't it lyn is dat ik in glês hân ha, lit stean in lege flesse yn 'e glêsbak smiten ha. Ik smyt der ornaris appelsmotspotsjes of Beerenburgflessen yn. No moatte jim fansels net tinke dat soks alle dagen bart, want sa mâl giet it hjir no ek wer net.
En dat sil by de measten wol sa wêze. Mar de bêste oplossing, yn stee fan mear glêsbakken, is neffens my gewoan minder drankbakken. Dreger is it net."