LIVEBLOG: Tredde dei saak-Van Seggeren: ferdigening oan it wurd

14 jun 2019 - 14:17

De rjochtbank fan Ljouwert behannelet woansdei, tongersdei en freed de saak-Van Seggeren. De frou fan Van Seggeren wurdt fertochte fan de moard op har man yn july 2017. De offisier fan justysje easke tongersdei in selstraf fan 20 jier tsjin har. It lichem fan it 37-jierrige Tjeerd van Seggeren waard op 9 july 2017 oantroffen yn in stik greide by De Westereen. Ferslachjouwer Remco de Vries docht yn dit liveblog ferslach fan de tredde dei fan de rjochtsaak.

14:56
Fertochte: "Ik heb dit niet gedaan"

De offisier fan justysje giet noch in tal saken del dy't de ferdigening oanstipt hat. Dêr reagearret de advokaat wer op. En no is it wurd oan de fertochte: "Ïk weet dat u een best moeilijke beslissing moet nemen, maar ik heb dit niet gedaan. Ik heb goede en slechte tijden gehad met Tjeerd. Mij wordt alles negatief uitgelegd. Mijn kinderen hebben hun vader verloren en groeien niet eens meer met elkaar op. Naar mij wordt steeds vanaf het begin gewezen en ik weet dat ik er niets mee te maken heb."

De útspraak is op 11 juli om 13.00 oere.

14:47
Justysje

Offisier fan justysje Henk Mous is no oan it wurd: "Ik heb de raadsman meerdere keren horen zeggen. Het is krankzinnig, waanzinnig. Het gaat dan met name om wat zijn cliënt al of niet heeft gedaan. We hebben in ons beroep allemaal wel zaken mee gemaakt waarbij het ook bewaarheid kan zijn. Als er dan ook verschillende scenario's naar voren worden gebracht, moeten die wel geloofwaardig zijn."

14:12
Frijspraak

It meipleegjen fan in moard kin hjir net oantoand wurde, seit de advokaat. De feiten en de ynformaasje dêrfoar ûntbrekke. "Al staan er een paar signalen op rood dat is niet genoeg." Dan de conclusie: "Mijn cliënte heeft haar eigen vader nooit gekend. Dat heeft haar getekend. Zou ze dat echt haar eigen kinderen aandoen? Kijkt u nog eens naar de hoeveelheid van onderzoeksmiddelen en het resultaat is nul. En nee, niet alle verklaringen van mijn cliënte zijn altijd juist geweest, maar dat waren verklaringen vijf maanden later."

De bewiislêst liket omdraaid te wêzen yn dizze saak. Neffens de advokaat kin op basis fan it dossier de fertochte net sûnder twivel feroardiele wurde. "Liever niemand veroordeeld dan iemand veroordeeld." Hy freget om frijspraak.

12:16

Ferslachjouwer Remco de Vries oer de rjochtsaak

13:59
Haat

Neffens de riedsman fan de fertochte kinne der op basis fan it dossier ek hiele oare saken bard wêze. Sa is der bygelyks in ferkelarring fan in taksysjauffeur dy't seit dat twa mannen wol hiel graach fan de lokaasje fuortkomme woene. En sa binne der mear ferklearringen dy't wize op in oare gong fan saken.

Dan it motyf. "Haat komt wel bij heel veel huwelijken voor", relativearret de advokaat. "Dan lopen er wel heel veel mensen gevaar in Nederland". Ek sjocht hy gjin dúdlik finansjeel motyf. Dat der mei it each op de bouw fan de fertochte in oar of oaren belutsen wêze moatte by de moard, begrypt De Pree. Mar der binne folslein gjin oanwizingen foar, seit hy.

13:35
Omke

Wêrom is de omke hjir net as tsjûge heard, freget de advokaat him ôf. Want der wie in soad belangstelling foar him. Ek op de sitting, seit De Pree. Dy omke wie mooglik belutsen by de moard en dêrfoar wurdt benammen sjoen nei wat der op syn telefoan stiet oan aktiviteiten en wannear net. As je dêr goed nei sjogge, falt dêr eins neat oan ôf te lieden, fynt De Pree.

13:21
De Laatste Eer

Der is de moarns dat Tjeerd dea fûn waard, socht op in kompjûter by de fertochte thús nei begraffenisferiening 'De Laatste Eer'. En dat wylst de identiteit fan de deade op dat momint noch net bekend wie. De fertochte ûntkent dat sy it wie. Op dat stuit wiene der mear minsken yn hûs.

Boppedat wie op dat momint al wol in oere lang bekend dat der ien dea fûn wie en dat gie al troch it doarp. Sa frjemd is it dan net, as je dan tinke dat it om Tjeerd giet, seit de advokaat. Eltsenien yn it hûs ûntkent dat sy it opsocht hawwe. De Pree: "Maar die worden allemaal wel geloofd en mijn cliënt niet."

13:06
'Ordinaire verzinsels'

In frou dy't mei de fertochte yn de finzenis sitten hat, hat in skealike ferklearring oer har ôflein. Mar wat sy sein hat, kloppet net. En neffens de advokaat en de fertochte is der nea oer de saak mei dizze tsjûge praten. De Pree fynt it kranksinnich. Boppedat soe de tsjûge de ynformaasje by stikken en bytsjes krigen hawwe fan de fertochte, mar dat komt net oerien mei it momint wêrop sy dy ynformaasje oanbean hat. De Pree hat it oer 'ordinaire verzinsels'. En de tsjûge hat hjir ek foardiel fan hân. In oare tsjûge stipet yn in ferklearring it ferhaal fan de ferdigening.

12:56
WhatsApp

De advokaat giet nei it middeisskoft wer fierder mei it feit dat de fertochte hieltyd WhatsApp fan har telefoan ôfhelle. Dat waard útlein as in fertochte hanneling. Advokaat Brian de Pree: "Dan gaat de politie hier toch nog onderzoek naar doen en blijkt precies wat de cliënte heeft verklaard. Haar verhaal blijkt te kloppen en eerlijk te zijn." Neffens him is dat in patroan dat hieltyd werom komt as it giet om it hanneljen fan de plysje.

Sy hat earder ferklearre dat sy dy app net brûke mocht fan dat Tjeerd en dat hy har kontrolearre. Dan kontrolearjen wie ek net sa frjemd, want de fertochte hat in bûtenechtlike relaasje hân, seit de advokaat. Der binne ek mear sosjale apps fan de telefoan helle en wer der opsetten. "Dat is zo logisch als wat in een slecht huwelijk", fynt De Pree.

11:43
Underfreging fan in soantsje

Der is ek in soantsje fan 8 jier âld fiif-en-in-heale moanne letter ûnderfrege troch de plysje of syn mem op de jûn dat Tjeerd nei it feest op De Westereen wie, ek noch fuort west hat. De advokaat is hiel kritysk oer de wize wêrop dat gien is. Justysje siket dêr wat efter en de fertochte hat sein dat sy mooglik nei de glêsbak west hat mei dat soantsje.

Wy ûnderbrekke de behanneling fan de saak no foar in oere.

11:37
Foto: CAMJO Media
11:20
Skjinmeitsje

De Pree seit ek noch dit: "Als ze het gruwelijke masterbrein was achter deze moord heeft ze wel heel veel steken laten vallen." It giet no fierder oer de stikjes blauwe ferve dy't fûn binne yn de Mercedes en op it slachtoffer. Of dat fan deselde boarne komt, is net fêst te stellen. En ek as dat wol it gefal wêze soe, seit it neat.

Nei in oantal dagen ûndersyk hat de plysje de auto meinaam. Dêr seit De Pree dit fan: "Er is ook een flink punt van gemaakt dat mevrouw de auto ook even heeft schoongemaakt, maar daar is geen stofzuiger of doekje aan te pas gekomen. Dat was gewoon iets wat in haar aard ligt, maar dat wordt nu achteraf als belastend uitgelegd."

11:01
"Op de mouw gespeld"

De kamerabylden fan de fertochte op de weromreis fan it plak delikt ôf, binne fan in hiel minne kwaliteit. Om't op basis fan dy bylden sein wurdt dat der tsien minuten langer dien is oer dy reis as normaal is dat wol wichtich. Want wat hat sy yn dy tiid dien? Mar neffens de advokaat kin der op basis fan dy bylden net konkludearre wurde dat it om de auto giet fan de fertochte. En dat sy te lang dien hat oer de weromreis. Wol is tsjin de fertochte sein dat der kamerabylden wiene wêrút it ien en oar bliken die. De Pree: "Haar is wat op de mouw gespeld door de politie."

10:49
Telefoan út

Der hat in soad te dwaan west oer it ferhaal fan de fertochte dat har telefoan op in krúsjaal momint út stie. De fertinking hat west dat sy dy útsetten hat om gjin digitale spoaren efter te litten. Mar dat is net goed útsocht, fynt de advokaat. Sy hat sein dat de akku leech wie, mar dat wie net sa, dat is no wol dúdlik. Dat kin sy sels ek sa ynfolle hawwe as ferklearring doe't sy seach dat de telefoan út stie, fynt de advokaat. "Stel dat cliënte hierover zou liegen, wat verbergt ze hiermee wat haar in rechtstreeks verband brengt met de dood van Tjeerd."

10:37
Tsjûge

Ien tsjûge op de fyts hat in auto by it skilpaad sjoen oan de Bûterwei, mar sy seach net dat it in Mercedes wie. De fertochte stie der mei in auto fan dat merk. De omskriuwing rint ek bot útien. De fertochte hat har ek net sjoen, seit sy. De tsjûge hat ek minsken mei in koefoet sjoen, mar is dêr neffens in lettere ferklearing net wis fan. Sy slút net út dat sy dat sels ynfolle ha. Net hiel betrouber, fynt de advokaat. Al mei al kinne je der eins neat mei, fynt hy.

10:34
Ferkearde plak, ferkearde momint

Advokaat De Pree: "Wat de officier van justitie hier doet is de overtuiging voor de bewijsmiddelen uitsturen en maar hopen dat de bewijsmiddelen wel volgen." Neffens him moatte je der ek rekken mei hâlde dat Tjeerd van Seggeren gewoan op it ferkearde momint op it ferkearde plak wie.

10:29
Dútske famylje

De advokaat fynt it mar neat dat de Dútske famylje fan de fertochte hjir net is, lykas de omke dêr't ek fertinkingen tsjin binne. Allinnich de fertochte is der. "Laat haar hier niet spartelen", seit hy deroer.

10:18
Boskjes

Neffens advokaat Brian de Pree is it wol hiel goed mooglik dat troch de boskjes om de greide hinne dêr't it slachtoffer fûn is, Tjeerd van Seggeren syn frou of har Mercedes hielendal net sjoen hat. Dus dat sy inoar net moete hawwe. Ek mei it each op de tiden wêrop ien en oar barde, soe dy romte der wêze. Offisier fan justysje Henk Mous hat juster sein dat it eins net kin dat sy inoar net tsjinkaam binne. Hjiroer ferskille ferdigening en it Iepenbier Ministearje dus dúdlik fan miening. It is dan ek in wichtich punt. Ek de rûte dy't Tjeerd naam fan it feestterrein ôf nei de Bûterwei wurdt no by de kop pakt. Dy kin hiel oars west hawwe as wat der oannaam wurdt. It dossier jout in soad romte yn it foar alternative senario's, seit De Pree.

10:06
Hat de fertochte har man moete?

Dan giet it oer tiidstip en de ôfstân tusken de telefoanen fan slachtoffer en fertochte by it plak delikt. As sy echt alles sa betocht en tarieden hat, is it neffens de advokaat wol hiel frjemd dat sy harsels op dy lokaasje pleatst dêr't fan Seggeren om it libben kaam. As it giet om wat der yn de telefoanen stiet, is it net dúdlik wat der ôf te lieden is fan it mobyltsje fan Tjeerd van Seggeren. Dat wurdt wol ynfolle troch it Iepenbier Ministearje, mar te bewizen falt it net.

De Pree giet fierder oer de telefoangegevens fan de fertochte en dan benammen de lokaasjegegevens. De plysje seit dat sy op 17 meter ôfstân fan har man west hat, mar dat kin neffens De Pree net sa wêze. Dat om't der tiid sit tusken de mominten wêrop beide tastellen dy lokaasjegegevens oanmakken: ien minút en ien sekonde. Yn dy tiid kinne je ek fan inoar fuort kuierje. Boppedat wie it mooglike ôfwiken sa grut dat dy 17 meter ek wol 22 meter of sels hûnderten meters wêze kin. Boppedat leit har telefoan yn de auto, sa hat sy ferklearre.

9:55
Telefoangegevens

It stiet fêst dat de fertochte it slachtoffer ophelje soe by de Bûterwei. En as dat it in frjemde lokaasje wie dêrfoar, hie Tjeerd der wol wat fan sein, seit de advokaat. Dit om it byld te korrizjearjen dat de fertochte har bêst dien hat om Tjeerd op dy lokaasje te krijen: it plak delikt.

De fertochte hat sein dat sy de hiele nacht besocht hat om Tjeerd te berikken, mar dat wie net sa. Neffens De Pree kaam dit troch de panyk dy nacht. It giet fierder oer de betsjutting fan de tiden wêrop der wol of net besocht is Tjeerd van Seggeren te berikken wylst der nei him socht waard.

9:52
DNA

Advokaat De Pree hat it no benammen oer it DNA-bewiis. Dan giet it om DNA fan de fertochte. Der is neffens him gjin befêstiging dat dy spoaren oerdroegen binne yn de nacht dat Tjeerd van Seggeren om it libben kaam. Dat kin ek hiel goed earder gebeurd wêze. Alles wat dit seit is "dat we niets weten en cruciale informatie ontbreekt."

9:42
Anonime telefoantsjes

It fernuveret De Pree dat de offisier fan justysje sa oertsjûge is fan de skuld fan de fertochte. Hy freget him ôf oft de offisier fan justysje him net tefolle liede lit troch de famylje fan Tjeerd. Der binne by him anonime telefoantsjes binnen kaam wêryn sein is dat it ferhaal oars leit. Mar minsken woene der net mei nei bûten omdat it in sletten mienskip is.

Eins, seit De Pree, hawwe sy it hjir benammen oer senario's, net oer foldwaande bewiis. "Als u kritisch kijkt naar dit dossier en de bezwaren dan kunt maar tot één conclusie komen. Het Openbaar Ministerie stelt, maar bewijst niet."

9:34
"Ik mis de zekerheid"

Advokaat Brian de Pree begjint dermei om te sizzen dat it yn it begjin allegearre behoarlik 'armzalig' wie en it is eins net better wurden. De Pree: "De kern van de zaak is dat de officier van justitie eigenlijk zegt: het kan niet anders dan dat Tjeerd en mijn cliënte elkaar daar hadden moeten zien of Tjeerd in ieder geval de auto. Het is in ieder geval een hele reële mogelijkheid, maar niet op basis van het dossier vast te stellen. Ik mis de zekerheid in het dossier, de zekerheid, de verankering."

Oer de fertochte: "Zij is het grootste slachtoffer geworden van deze zaak. Deze zaak kent eigenlijk alleen maar verliezers."

9:12
Ferdigening

De seal rint wer fol foar de tredde en lêste dei fan it strafproses rûn de moard op Tjeerd van Seggeren. Hjoed is it benammen de dei fan de ferdigening; advokaat Brian de Pree. Fierder kin der noch in hin en wer folgje tusken de advokaat en de offisier fan justysje. En as lêste hat de fertochte de mooglikheid om as lêste it wurd te nimmen. Meastentiids folget der nei twa wiken in útspraak, mar foar dizze saak wurdt mear tiid útlutsen. Hoefolle krekt, is net dúdlik.

9:11
Hoe wie dei 2?

Daliks set de rjochtbank útein mei de tredde dei fan de behanneling fan de rjochtsaak-Van Seggeren. Wolsto alles fan tongersdei nochris trochlêze? Dat kin hjir.

9:08
Utlis parse-offisier

Parse-offisier Sierd Eijzenga leit út hoe't justysje ta de eask fan 20 jier kommen is.

9:02
Eask: 20 jier

De offisier fan justysje hat tongersdei 20 jier selstraf easke tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren. De frou wurdt fertocht fan de moard op har man yn july 2017.

9:00
Ferdigening

It is hjoed de tredde dei fan de saak-Van Seggeren. Woansdei stie yn it ramt fan ferklearringen oer wat de foarskiednis wie, tongersdei kamen saakkundigen en famyljeleden oan it wurd en kaam justysje mei de eask fan 20 jier tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren. Hjoed komt de advokaat fan frou Van Seggeren oan it wurd om te reagearjen op it ferhaal fan it Iepenbier Ministearje.

(advertinsje)
(advertinsje)