Gemeente Waadhoeke lit plaknammebuorden sa't sy binne

14 jun 2019 - 08:52

De ried fan de gemeente Waadhoeke lit de plaknammebuorden sa't dy binne. Dat is de útkomst fan de riedsgearkomste fan tongersdeitejûn. Der is twaspjalt yn 'e fúzjegemeente, omdat guon partijen wolle dat de Fryske of regionale namme fan alle plakken yn 'e gemeente de offisjele namme wurdt, yn stee fan de Nederlânske.

Foto: Pier Schuurstra fan Frije Fryske Grûn

In oantal ynwenners en organisaasjes wol 'harmonisaasje'. Dat hâldt yn dat it eardere Frjentsjerteradiel en It Bilt it foarbyld fan Menameradiel en Littenseradiel folgje soene. De plaknammebuorden yn dy lêste twa âld-gemeenten binne yn it Frysk, wylst It Bilt en Frjentsjerteradiel de Nederlânske plaknamme boppe-oan stean ha.

Topografyske Wurkgroep Fryslân

Dêr wie tongersdeitejûn lykwols lang gjin mearderheid foar te finen. Ien fan de ynsprekkers wie Cor Jousma, fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân. "In ynwenner fan de stêd Frjentsjer fûn it nuver dat wy foar de wet allegear gelyk binne yn de nije gemeente, mar dat net elkenien deselde rjochten krijt", fertelt Jousma.

"Wy hawwe doe sein dat wy wol technyske ûndersteuning by jaan woene om it goed op papier te krijen. As je in nije gemeente meitsje, is it nammentlik wichtich dat je saken harmonisearje. Sa is it mei it Frysk ek."

Bestjoersrjochter

Mei de útspraak fan de gemeenteried bliuwt der no dus ûngelikens. "De kwestje hat no by de gemeente lein, mar wy wolle der ek mei nei de bestjoersrjochter. Dêrfoar moat der in heldere útspraak wêze yn de gemeenteried. Dat goede ferhaal leit der neffens ús."

Alle plaknammen yn Waadhoeke Nederlânsk meitsje, is ek gjin opsje. "Dy weryndielingssituaasje falt ûnder it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. Dat juridyske stik seit no krekt dat de rjochten fan Frysktaligen dy't al realisearre binne, net weromdraaid wurde kinne."

Wannear't de bestjoersrjochter útspraak dwaan sil oer de kwestje, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)