Reeë-populaasje yn Fryslân flink tanaam; provinsje jout ôfskotfergunning ôf

14 jun 2019 - 08:07

Der komme hieltyd mear reeën yn Fryslân en dat soarget ek foar mear ûngelokken. Dit is de ûnderfining fan de wyldbehearsienheden yn Fryslân. Benammen op de Waadeilannen soargje de bisten foar oerlêst. Sa soene der op It Amelân agressive reeën omrinne. Op Skylge wurde der hieltyd mear fan dizze bisten oanriden.

Foto: I. Przykuta, Wikipedia

Siebren Siebenga, foarsitter fan de Jagersferiening Fryslân, wit de eksakte oantallen net. "Ast it ferlikest mei tweintich jier tebek, yn 2000, dan waarden der ûngefear sa'n 3.800 reeën teld yn Fryslân. Dat is op dit stuit goed 7.000", fertelt er.

Op It Amelân soene der agressive reeën omstrune. Siebenga tinkt lykwols dat dy foarfallen allinnich mar ynsidinten binne. It bart wol faker dat in bist agressyf is, lykas mei mûzefalken."

Territoriale bisten

De reeëpopulaasje nimt stadichoan ta. Dat hat der benammen mei te krijen dat de bisten harren hieltyd mear thús fiele yn gebieten dêr't se earst net sieten. "Eartiids wie it echt in bist fan de bosk en heide, mar yn it iepen fjild fynst se no ek", fertelt Siebenga.

"Dat is eins hiel moai, mar as der hieltyd mear komme - it binne nochal territoriale bisten, benammen yn in tiid dat hormoanen begjinne te wurkjen - dan wippe dy âlde bokken de jonge garde út har territoarium. In soad sneuvelje dan yn it ferkear."

Ferkearsfeiligens

In soad reeën wurde dus oanriden en komme dêrby om. "We sitte no al op 600 stik. Tweintich jier tebek wiene dat der goed 300. Je sjogge in trend yn it tanimmen fan it oantal reeën, mar ek in trend yn it tanimmen fan it oantal ûngelokken mei reeën."

Siebren Siebenga, foarsitter fan de Jagersferiening Fryslân

It aspekt fan ferkearsfeiligens is ek de reden dat de provinsje in ôfskotfergunning ôfjûn hat om de populaasje wat yn te perken. It jachtseizoen foar reeën is no in moanne lyn úteinset en yn Fryslân sille der yn 2019 goed 1.200 ôfsketten wurde moatte.

"Dy getallen lizze foar in oantal jierren fêst. Wy hawwe by de provinsje oanjûn dat it oantal dat no frijjûn wurdt foar ôfskot net mear yn ferhâlding stiet ta de oantalsûntwikkeling."

Nij beliedsplan

"As je it aspekt fan ferkearsfeiligens echt serieus benaderje wolle, dan soe de ôfskot de kommende tiid wat mear yn lykwicht brocht wurde moatte. Dat betsjut mear ôfskot as no."

De provinsje is no dwaande mei it nije beliedsplan foar de reeën. Dat hâldt yn dat de Faunabehearienheid yn Fryslân de opdracht krijt om dat om te setten nei in nij faunabehearplan. Neffens Siebenga soe dat plan oan de ein fan dit jier klear wêze moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)