Studinten fan NHL Stenden gean yn hongerstaking

14 jun 2019 - 07:05

Hold your hunger is in ynternasjonaal hongerevenemint dat elk jier holden wurdt op NHL Stenden yn Ljouwert. Dit jier docht de skoalle dit yn gearwurking mei har fêstigingen yn Súd-Afrika, Katar, Tailân en Baly. De studinten op dizze lokaasjes ite 18 oeren lang net en freegje dêrby om mear omtinken foar de hongerproblematyk yn de wrâld.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Fan 13 juny 14.00 oere oant en mei freed 14 juny 7.00 oere wurdt der net iten. Om de tiid troch te kommen, wurdt der fan alles organisearre op de kampus yn Ljouwert. Sa binne der kontaktmominten fia in skerm mei de oare lokaasjes, lykas Baly en Súd-Afrika, wurdt der in talinteshow organisearre en kinne je spultsjes dwaan. Ek kin der 'beerpong' spile wurde, mar yn plak fan bier sit der wetter mei sâlt yn de bekers.

Alle aktiviteiten stean yn it tema fan 'honger yn de wrâld'. Ien fan de studinten dy't meidocht, is de Ljouwerter Leo Oegema. Hy studearret oan NHL Stenden en organisearret it evenemint foar syn minor. "We weten helemaal niet wat honger is hier in het westerse leven natuurlijk", fertelt hy. De studinten ite net út respekt foar dejingen dy't elke dei honger hawwe.

Leo Oegema oer Hold Your Hunger

(advertinsje)