Nederlânske follybalfroulju ferslaan Dútslân yn Nations League

14 jun 2019 - 06:42

De Nederlânske follybalfroulju hawwe yn de Nations League harren fjirde oerwinning yn 'e wacht sleept. Yn Stuttgart waard Dútslân mei 3-2 (21-25, 25-23, 20-25, 25-13, 16-14) ferslein. Snitser Marrit Jasper wie de earste trije sets wikselspiler, de lêste twa sets stie se yn de basis.

Marrit Jasper hat nûmer 18 - Foto: www.orange-pictures.nl

Oranje wûn de lêste seis moetings mei Dútslân en ek no kende it mei in pear sterke blocks in goede start. Nei ûnnedich setferlies (21-25) knokte Oranje har yn de twadde set werom: 25-23. Nederlân gie lykwols hieltyd sloardiger spyljen en ferlear ek de tredde set.

Wikselingen

Bûnscoach Jamie Morrison besleat dêrom fjouwer basisspylsters te ferfangen en Marrit Jasper waard yn de basis setten. Doe begûn it spul te rinnen. Nei punten fan ûnder oaren Jasper waard Dútslân úteinlik ferslein.

Kommende wike folget yn it Russyske Jekaterinenburg de lêste pûlronde. Nederlân spilet dêr dan tsjin Tailân, de Feriene Steaten en Ruslân, mar kin har dan net mear pleatse foar de Final Six. Nederlân sil har dizze simmer benammen op de Olympyske kwalifikaasje rjochtsje, begjin augustus yn Italië, en it EK.

(advertinsje)
(advertinsje)