FIDEO: Hjerring ite op de Fryske Haringparty yn Ysbrechtum

Op it santjinde-iuwske Epema State yn Ysbrechtum kaam ûndernimmend en bestjoerlik Fryslân tongersdeitemiddei byinoar op de jubileumedysje fan de Fryske Haringparty. Foar de tsiende kear wurdt de grutte netwurkgearkomste holden.
Fryske Haringparty yn Ysbrechtum
Inisjatyfnimmers fan de gearkomste binne ûnder mear bedriuwen as AB Vakwerk, Bouwgroep Dijkstra Draisma en Deloitte. Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân wie der ek en se wie der grutsk op dat it yn har gemeente wie: "It is hjir fantastysk: in hiel moai evenemint en in moaiere omjouwing kinst eins net ha."
Boargemaster Jannewietske de Vries op de Haringparty en de gasthearen
"Sjochst hjir fan alles", seit boargemaster De Vries. "Undernimmers, bestjoerders, minsken fan sportklups. It giet der foaral om datst elkoar tsjinkomst. Yn koarte tiid kinst in hiel soad minsken sprekke. It is dus in effisjinte manier fan wurkjen dy't ek nochris gesellich is."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek iet in hjerring mei foarsitter Jan van der Linden