HEA! is nei de simmer werom

13 jun 2019 - 22:13

Tongersdei wie alwer de lêste útstjoering fan HEA! fan dit seizoen. It programma is mei simmerskoft, mar de kommende wiken is alle dagen wol in seleksje fan de aardichste en moaiste reportaazjes fan it ôfrûne jier te sjen.

Foto: Omrop Fryslân

HEA! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden 'hea-larysk' ferhaal, fan septimber oant juny alle moandeis oant en mei tongersdeis te sjen op telefyzje. En as jo in tip hawwe, dan kinne jo dy kwyt troch te mailen nei hea@omropfryslan.nl.

Op moandei 2 septimber is HEA! der wer mei farske ôfleveringen!

Trefwurden: 
Omrop Fryslân Hea!
(advertinsje)