Wettertoer fan Lippenhuzen hat in nije eigener

13 jun 2019 - 21:58

Der is in nije eigener fûn foar de wettertoer fan Lippenhuzen. Vitens sette it ryksmonumint yn 2018 yn de ferkeap en no is der dus in keaper fûn, meldt it drinkwetterbedriuw.

Foto: Vitens

De wettertoer, dy't krekt bûten it doarp stiet, hat al jierren gjin funksje mear as drinkwetterfoarsjenning. Vitens wol sokke wettertuorren net direkt kwyt: in nije eigener moat mei in goed plan komme foar werbestimming.

It ryksmonumint waard boud yn 1932, is sa'n 44 meter heech en hat in oerflak fan 2.632 kante meter. Ek it terrein hat de status fan ryksmonumint.

Trefwurden: 
Vitens Lippenhuzen wettertoer
(advertinsje)
(advertinsje)