Partij voor de Dieren wol witte wat minister fynt fan Kallemooi

13 jun 2019 - 21:34

De Partij voor de Dieren yn de Twadde Keamer wol fan minister Carola Schouten witte wat sy fynt fan de Kallemooi-tradysje op Skiermûntseach, wêrby't in libbene hoanne mei Pinkster trije dagen yn in koer sit op achttjin meter hichte.

Foto: RTV Noord, Jeroen Berkenbosch

Diere-organisaasjes stride al jierren tsjin de tradysje op it waadeilân en ha mei rjochtsaken besocht om it tsjin te hâlden. Dat is net slagge en dus gie dit jier wer in hoanne de koer yn. De organisaasje fan Kallemooi moat wol maatregels treffe om der wis fan te wêzen dat de hoanne net lijt. De Partij voor de Dieren wol witte oft wol kontrolearre wurdt oft dy maatregels ek echt útfierd wurde.

Bern op it eilân kamen yn aksje tsjin it opsluten fan de hoanne yn de koer. Sy woene in alternatyf, wêrby't net in libbene hoanne brûkt wurdt. De Partij voor de Dieren wol fan de minister witte oft se derfoar soargje wol dat der takom jier nei de bern harke wurdt.

(advertinsje)