Frou ferwûne by ûngelok yn Kollumersweach
By in ferkearsûngelok yn de buert fan Kollumersweach is tongersdeitejûn in frou ferwûne rekke. Hoe slim is net dúdlik. Se waard út har auto helle troch de brânwacht.
De frou rekke ferwûne nei in oanriding op de krusing fan de Foarwei mei de Bounswei tusken in buske en in persoane-auto.
Nei't de frou út har auto helle wie, waard se oerdroegen oan it ambulânsepersoniel. It is net bekend oft se nei it sikehûs brocht is.