Soargen oer ûnderwiis op it plattelân: strukturele finansjele bydrage bepleite

13 jun 2019 - 20:46

De P10, it gearwurkingsferbân fan plattelânsgemeenten, makket him soargen oer it ûnderwiis op it plattelân. De gemeenten fan de P10, dêr't ûnder oare Opsterlân, De Fryske Marren en Eaststellingwerf, ha noed oer it weromrinnend tal learlingen en de gefolgen dy't dat hat foar hoe't it ûnderwiis betelle wurde moat. De Twadde Keamer praat dêr ynkoarten oer.

Foto: Shutterstock.com

Neffens de plattelânsgemeenten is ûnderwiis ticht by hûs essinsjeel foar de leefberheid op it plattelân. Se pleitsje dêrom foar in strukturele finansjele bydrage as in skoalle de lêste skoalle yn in regio is. Learlingen yn tinbefolke gebieten moatte likense kânsen ha as learlingen in gebieten mei mear ynwenners, bepleitet de P10.

It gearwurkingsferbân hat in brief nei de keamerkommisje stjoerd dy't hjiroer giet mei dêryn suggestjes oer de kwestje.

(advertinsje)
(advertinsje)