KNKB ropt op: 'Goai gjin oalje op it fjoer yn kwestje-Iseger en Scheepstra'

De KNKB ropt keatsers, keatsferieningen en oare belutsenen op om gjin oalje op it fjoer te smiten yn de kwestje-Iseger en Scheepstra en de ôfdieling O.G. Huzum. It keatsbûn hat it ôfrûne wykein ferskate fragen krigen oer de regels en komt dêrom mei in ferklearring.
Daniël Iseger © Henk Bootsma
De argewaasje yn de keatswrâld ûntstie nei't Daniël Iseger en Manon Scheepstra op 28 april keatst hienen foar de ôfdieling O.G. Huzum. Iseger wennet yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren en soe neffens de regels fan de KNKB dus foar Goutum keatse moatte. Iseger krige foar it oertrêden fan dy regel in skorsing fan trije wedstriden oplein troch de strafkommisje. Scheepstra wennet neffens har eigen opjefte wol yn it postkoadegebiet fan Huzum en mei dus wol foar dy ôfdieling keatse. Dêr wiene de oare keatssters it lykwols net mei iens en dus drigen sy mei in boykot fan de bûnspartij yn Easterein. Scheepstra luts har nei de opskuor lykwols werom.

Ferklearring

Yn de ferklearring dy't tongersdei ferstjoerd is, leit de KNKB út hoe't de regels no krekt binne en it bûn komt fierder mei in oprop. "De KNKB roept kaatsers, verenigingen en verdere betrokkenen op om in de ontstane situatie geen olie op het vuur te gooien. De emotie in de kaatswereld is altijd duidelijk aanwezig en dat is voor het kaatsen van grote waarde. Toch is het van belang dat in het geval van 'kwesties' iedereen elkaars argumenten en standpunten respecteert", skriuwt it bûn yn de ferklearring.
It bûn skriuwt fierder dat it him realisearret dat ôfstappe fan it ôfdielingskeatsen in oare belibbing fan de keatssport betsjutte soe. "Uitkomen voor een zelfgekozen vereniging betekent dat we overstappen op vrije formatie: klassiekers als de bondspartijen, de Freule en Ald-Meiers verliezen dan hun specifieke waarde. Samen met de verenigingen stelt de KNKB beleid op, namens alle verenigingen zorgt de KNKB ervoor dat dit beleid ook daadwerkelijk wordt uitgevoerd. De KNKB hecht boven alles aan een eerlijke competitie", seit de KNKB.
Mei it ferstjoeren fan de ferklearring hopet de KNKB dat de rêst yn de keatswrâld weromkomt.