Ale de Boer sneon 'international' foar Noard-Nederlân: "It is seker in ear"

13 jun 2019 - 19:39

Sân Friezen komme sneon yn aksje foar Noard-Nederlân yn in ynterlân tsjin Noard-Dútslân. De wedstriid is yn Emmen en tongersdei traint de seleksje foar it earst. "It is seker in eare", seit Ale de Boer, ien fan de sân Friezen. "Want it binne de bêste amateurfuotballers fan Fryslân, Grinslân en Drinte."

Foto: www.orange-pictures.nl

De Boer spile de ôfrûne acht seizoenen foar ONS Snits, mar dêr hat er nei de lêste kompetysjewedstriid fan dit seizoen ôfskied nommen. "Ik ha letterlik de skuon oan de wylgen hongen", fertelt er. "Oare dingen binne belangriker, dus dêr stek ik no myn enerzjy yn."

Spesjaal tintsje

"Dus is it sneon myn lêste wedstriid dy't noch earne om giet. Dus it hat wol in spesjaal tintsje." Njonken De Boer sitte ek ONS'ers Curty Gonzales en Frits Dantuma by de seleksje. Sy spylje takom seizoen beide foar Harkemase Boys en wurde dus ploechgenoaten fan fjouwer oare 'internationals': Erick Jansema, Jesse Renken en de Friezen Joris Voest en Henny Bouius. Joost Jesse Visser fan Bûtenpost is de sânde Fries yn de seleksje fan bûnscoach Ron Jans.

Tongersdeitejûn komt de seleksje foar it earst byinoar. "We sille traine en dan hearre we it fierder wol fan Ron Jans", seit De Boer. "Ik tink dat we even mei-elkoar yn de kunde komme. Dan goed traine en foar sneon wat dingen op papier sette: wa spilet wêr, hoe en wat."

Lêste kear yn 1960

De ynterlân tusken twa noardlike alvetallen waard yn it ferline faker spile. Yn 1913 wie de earste útfiering fan it duel, doe wûnen de Dútsers mei 7-2. Dêrnei is de wedstriid noch 27 kear spile, mar de lêste kear wie yn 1960. "It waard dus ek wol wer tiid", neffens De Boer. "It is moai om dit mei te meitsjen."

De wedstriid is takom sneon om 15.00 oere yn it stadion fan FC Emmen.

Ale de Boer

(advertinsje)
(advertinsje)