Justysje easket 20 jier selstraf tsjin widdo Tjeerd van Seggeren

13 jun 2019 - 18:27

De offisier fan justysje hat tongersdei 20 jier selstraf easke tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren. De frou wurdt fertocht fan de moard op har man yn july 2017.

De offisier fan justysje Henk Mous: "Ik ben er van overtuigd dat de verdachte bij de moord betrokken is. Het is vrijwel uitgesloten dat de verdachte dit alleen Tjeerd kon aandoen. Daar zit een plan achter. Ik ben van mening dat er sprake is van medeplegen en moord; van voorbedachte rade."

It feit dat net bekend is wa't de frou holpen hat mei de moard, hoecht neffens justysje gjin beletsel te wêzen. "Het staat vast dat ze haar echtgenoot met voorbedachten rade om het leven heeft gebracht met een mededader. Geen noodtoestand of overmacht door huiselijk geweld."

Motyf

Neffens it Iepenbier Ministearje wie haat it motyf foar de fertochte. De twa hiene relaasjeproblemen. "De haat richting Tjeerd van Seggeren kreeg steeds meer vorm", seit de offisier fan justysje oer de fertochte. "Ik zie echt de haat tegen Tjeerd als het belangrijkste motief."

Strafmotivaasje

Offisier fan justysje Mous: "De verdachte hoeft niet mee te werken aan haar veroordeling, maar het is onbegrijpelijk dat de verdachte nog steeds kiest voor zelfbescherming en ontkenning. Schrijnend in deze is dat de verdachte in deze stelt dat ze haar biologische vader nog nooit heeft gekend. Nu heeft ze ervoor gezorgd dat haar kinderen hun vader maar kort hebben gekend."

"Deze zaak is uniek in zijn doortraptheid. Partnergeweld gebeurt veel meer en partnerdoding ook. Alles afwegend als dader van medeplegen moord: 20 jier selstraf."

It lichem fan it 37-jierrige slachtoffer waard op 9 july 2017 oantroffen yn in stik greide by De Westereen. De widdo fan Van Seggeren waard op 19 desimber 2017 oanholden as fertochte fan belutsenens by de dea fan har man. Har foararrest is ferskate kearen ferlinge.

Foto: CAMJO Media

Ferslachjouwer Remco de Vries oer de eask

Freed fierder

De rjochtsaak giet freed fierder. Dan komt de advokaat fan frou Van Seggeren oan it wurd om te reagearjen op it ferhaal fan it Iepenbier Ministearje.

(advertinsje)
(advertinsje)