"Besikers en artysten ûnderfine allegear it Oerol-gefoel"

13 jun 2019 - 18:11

It jierlikse keunst- en kultuerfestival Oerol set kommend wykein wer útein op Skylge. Fan 14 oant en mei 23 juny is it eilân ien grut poadium foar lokaasjeteäter, strjitteäter, muzyk, byldzjende keunst en alles dêrtusken. Us ferslachjouwer Wendy Kennedy is derby en fertelt wat der allegear te belibjen falt en jout in pear praktyske tips.

In teäterfoarstelling op Oerol 2018 - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foar in elk dy't noch nea op Oerol west hat: wat makket it festival sa bysûnder?

"De kombinaasje fan teäter, muzyk en de keunstynstallaasjes dy't opgean yn de omjouwing, de frijheid op it eilân en it lekkere bûten wêze meitsje Oerol ta in unyk festival. Foar my is dat ek wol echt it Oerol-gefoel. En ik hear ek fan in soad oare minsken, fan besiker oant artyst, dat sy in soarte fan Oerol-gefoel ûnderfine. Ik sil dêrom de kommende wike ek op syk nei dat Oerol-gefoel en wat dat no eins is."

It tema fan Oerol is dit jier 'kantelende perspectieven', wat hâldt dat yn?

"Oerol stiet derom bekend in mienskiplik belutsen festival te wêzen. Dit jier fokusje se op de tiidgeast fan no, wêryn't in protte polarisaasje is en mar in bytsje each foar it perspektyf fan de oar. It tema fan dit jier hat ta doel om ferhalen út in oar perspektyf te fertellen en ik bin hiel nijsgjirrich nei hoe't dat derút sjocht."

Nei hokker foarstellingen sjochsto sels it measte út?

"Ik haw twa tëaterfoarstellingen en twa muzykfoarstellingen útsocht dy't my bot oansprekke. As earste de foarstelling Lost Tango fan Orkater/Via Berlin/Ragazze Quartet. De foarstelling is ekstra spesjaal om't Via Berlin harren 10-jierrige jubileum fiert. Carel Kraayenhof makket muzyk yn dizze foarstelling. Hja kinne him fan it muzykstik dat hy spile op de brulloft fan Willem-Alexander en Máxima, doe't Máxima krekt in trientsje fuort fage. Nei it Fryske stik Part-Time Paradise fan SKOFT&SKIEP/Tryater sjoch ik ek út. It publyk sit op in grutte ynstallaasje en sy sjogge út op in camping, wat krekt de mienskip yn it lyts is."

"Wat de muzyk oanbelanget gean ik nei twa hiele ferskillende optredens ta. As earste Douwe Bob. Hy jout alle dagen in koart en yntym optreden op it strân. Douwe Bob is aardich mainstream, wat opfallend is foar Oerol. En ik sil ek nei de Secret Garden Sessions. Dêr spylje ferskate neo-klassike artysten, lykas de Dútske pianist en komponist Martin Kohlstedt en Ruben Hein, dy't op dit stuit artistyk lieder is fan it Nederlânsk Jeugd Jazz Orkest."

Ferslachjouwer Wendy Kennedy oan it wurk op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Der is op in protte festivals tsjintwurdich in soad omtinken foar miljeu en natuer. Hoe sit dat op Oerol?

"Om't der op Skylge natuerlik in soad kwetsbere natuer is, hat it festival hiel wat omtinken foar it miljeu. De kontenerramp fan ôfrûne jannewaris jout ek mar wêr oan hoe aktueel oft it miljeufraachstik is, ek foar Skylge. Der binne ek twa keunstynstallaasjes ynspirearre op it miljeu: De ark en Clams. Fia de Expeditie kinne minsken dy keunstwurken besjen."

"Ek besiket Oerol sels bewuster te wêzen mei duorsumens. Sa kinne minsken bygelyks in 'pocketjiskefet' krije: in lyts jiskebakje dy't se meinimme kinne yn de bûse. Sa hopet de organisaasje foar te kommen dat peuken yn de natuer belânje. Mar der is ek omtinken foar oare saken, lykas dekôr dat meardere kearen opnij brûkt wurdt of iten dat sa folle mooglik fan lokale produkten makke is."

En is der ek in soad omtinken foar de bern?

"Jawis, foar bern is der genôch te dwaan. Sa binne der berne- en famyljefoarstellingen, stiet ranja ek op 'e drankekaart en is der in kabouterrûte te rinnen. Mochten de âlden dochs in kear sûnder bern nei in foarstelling wolle, dan kinne se de bern nei de bernebuorkerij bringe, want dêr is oppas. By de bernebuorkerij kinne bern ûnder oare ponny ride, timmerje en boartsje."

En dan as lêste noch efkes praktysk: it festival is op Skylge, wat is it maklikst mei ferfier?

"Fan Harns ôf kinne minsken de boat pakke nei Skylge. Op de festivaldagen farre ekstra fearboaten fan en nei it eilân ta. De organisaasje riedt minsken oan om in fyts te hieren op it eilân. Op ferskate drokke plakken binne bygelyks parkearplakken foar fytsen ynrjochte. Der ride ek spesjale festivalbussen dy't besikers fan en nei de ferskate lokaasjes bringe. Minsken dy't dochs mei de auto komme wolle, wurde frege om harren auto safolle mooglik bûten de doarpen te parkearjen."

Fan 14 oant en mei 23 juny is de 38e edysje fan Oerol op Skylge. Ferslachjouwer Wendy Kennedy hâldt dy fia radio, telefyzje en online op 'e hichte fan wat der allegear op it teäterfestival bart en giet foar ús op syk nei it Oerol-gefoel. Mear ynformaasje oer Oerol is te finen op harren webside.

Trefwurden: 
festival Skylge Oerol
(Advertinsje)
(Advertinsje)