Jan Koster nije foarsitter taaladvysorgaan DINGtiid

Taaladvysorgaan DINGtiid hat in nije foarsitter: Jan Koster. Hy wie oant begjin 2018 direkteur fan Omrop Fryslân. Koster sit ek yn de ried fan kommissarissen fan SC Cambuur, mar woansdeitejûn waard bekend dat hy dêr opstapt.
© Omrop Fryslân
Njonken Koster is Hedzer Klarenbeek beneamd ta nij bestjoerslid fan DINGtiid. Hy wurke by de jeugd- en sedeplysje fan Fryslân en wie ek wurdfierder fan it kolleezje fan de gemeente Ljouwert. It bestjoer fan DINGtiid bestiet fierder út Hanny Elzinga, Bianca Pander en Freddy Weima.
Koster en Klarenbeek binne beneamd foar in perioade fan fjouwer jier. Tytsy Willemsma, wethâlder fan de gemeente Tytsjerksteradiel, nimt nei de beneaming fan Koster en Klarenbeek ôfskied fan it taaladvysorgaan. De bestjoerstermyn fan Klaas Sietse Spoelstra rûn op 1 jannewaris fan dit jier al ôf.
DINGtiid waard oprjochte op 1 jannewaris 2014 en hat as taak it befoarderjen fan de lykweardige posysje fan de Fryske en Nederlânske taal yn Fryslân. It orgaan advisearret ûnder oare it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de Fryske Deputearre Steaten oer it Fryske taalbelied.