Diel A32 tongersdeitejûn ticht troch kantele frachtwein

13 jun 2019 - 17:40

De sneldyk A32 wurdt tongersdei nei de jûnsspits ôfsletten tusken Stienwyk en Meppel. Oarsaak is in ûngelok mei in frachtwein. Ferkear dat út Fryslân wei nei it suden rydt oer de dyk, wurdt by knooppunt It Hearrenfean omlaat oer De Jouwer en Emmeloord.

Foto: De Vries Media

By it ferkearsûngelok by Meppel is de frachtwein kantele. De sjauffeur rekke dêrby ferwûne. Om de frachtwein bergje te kinnen, moat de dyk foar in diel ôfsletten wurde.

Trefwurden: 
ûngelok A32 dykôfsluting
(advertinsje)
(advertinsje)