Waadhoeke te set oer plaknammekwestje: regionale of Nederlânske namme?

13 jun 2019 - 17:28

De gemeenteried fan Waadhoeke sil tongersdeitejûn te set oer de 'plaknammekwestje'. Der is twaspjalt yn 'e fúzjegemeente, omdat guon partijen wolle dat de Fryske of regionale namme fan alle plakken yn 'e gemeente de offisjele namme wurdt, ynstee fan de Hollânske.

Op tsientallen plaknammebuorden is de Hollânske namme ôfplakt, sadat allinnich de Fryske namme noch sichtber is. De aksjegroep dy't dêrefter sit is Frije Fryske Grûn. "Wy binne grutsk op ús eigen taal en wy fine dat ús taal (talen) fanselssprekkend wêze moatte, ek op de kombuorden", skriuwe se yn in parseberjocht. "Wy witte ek al dat se ús ekonomy en eigenheid te'n goede komme. Dus, wêr wachtsje wy noch op? En it argumint 'oars kinne se ús doarpke net mear fine' is anno 2019 swier achterhelle (oars neat as kroechpraat)."

Wat is no it gefal? De plaknammebuorden yn 'e eardere gemeenten Littenseradiel en Menameradiel binne yn it Frysk, wylst It Bilt en Frjentsjerteradiel de Nederlânske plaknamme boppe-oan stean ha.

Dan dogge je rjocht oan de meartaligens wêr't wy yn dizze gemeente de mûle fol fan ha.

FNP-riedslid Sijbe Knol

Mar FNP-riedslid Sijbe Knol lit it der net by sitte. "Wy wolle harmonisaasje plakfine litte mei as útgongspunt de lokaal of regionaal sprutsen taal", seit Knol. "Dus Biltsk op It Bilt, de rest Frysk en Frjentsjer kin sa bliuwe, oangeande it Franekers. Dan dogge je rjocht oan de meartaligens dêr't wy yn dizze gemeente de mûle fol fan ha. Dan moatte je dat ek sjen litte."

FNP-wethâlder: litte sa't it is

Mar dat hat net de foarkar fan it kolleezje. Wethâlder Jan Dijkstra is fan deselde partij as Knol, mar stiet wol 180 graden oars yn dizze kwestje. Hy wol de sitewaasje sa litte as hy no is. "It foarstel is om dat te dwaan wat wy mei-inoar ôfpraat ha as eardere gemeenten. Wy ha doe sein dat wy hâlde sa as se no binne en dêr hâld ik mei as wethâlder ek oan", sa seit Dijkstra.

Trefwurden: 
Waadhoeke plaknammebuorden
(advertinsje)
(advertinsje)