Socht: ferhalen oer de Ofslútdyk

13 jun 2019 - 16:46

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De ikoanyske dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. De regionale omroppen Omrop Fryslân en NH Media sille de wurksumheden folgje en it ferhaal fan de Ofslútdyk fertelle. Dat wurdt mei mooglik makke troch Rykswettersteat en projektburo De Nieuwe Afsluitdijk.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Minsken dy't der wenje, wurkje, rekreëarje of alle dagen gebrûk meitsje fan de dyk. Foar harren is de Ofslútdyk mear as allinnich 32 kilometer asfalt.

Op syk nei ferhalen

Foar Omrop Fryslân sil programmamakker Janko Krist de reportaazjes meitsje. "Elke Fries is dochs minstens ien kear yn syn libben oer de Ofslútdyk riden, guon ride der alle dagen oerhinne. It is en bliuwt in bysûndere rit. En sa binne der fêst hûndert ferskate ferhalen."

Omrop Fryslân is op syk nei dizze ferhalen. Fan bewenners oant de campinggasten, en fan forins oant de fytsfanaten. Fan de meast bysûndere ferhalen wurde reportaazjes makke. De ferhalen kinne trochjûn wurde fia www.omropfryslan.nl/ofslutdyk/.

Gigantyske put

De ferbouwing fan de Ofslútdyk is in gigantyske put. Neist it ferheegjen en fersterkjen fan de dyk, komme der ekstra spuislûzen en gemalen en wurdt de feiligens fan de dyk ferbettere. Ek wurdt der in fiskmigraasjerivier oanlein en binne der ferskate inisjativen foar ynnovative en duorsume enerzjyfoarmen.

In hiel soad minsken sille hjir de kommende jierren oan wurkje. Ek dizze minsken en wurksumheden sille folge wurde yn de reportaazjes fan Omrop Fryslân en NH Media. De reportaazjes wurde ek ferwurke ta in kompilaasje, dy't útstjoerd wurdt troch beide regionale omroppen as de wurksumheden klear binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)