Dieder keninginnedei-oanslach Apeldoorn mooglik ynspirearre troch Oera Linda-boek

13 jun 2019 - 16:29

De man dy't tsien jier lyn op Keninginnedei yn Apeldoorn op it publyk ynfleach en sân minsken dearied, waard mooglik ynspirearre troch it Oera Lindaboek. It boek oer de iuwenâlde Fryske beskaving waard by de man, Karst Tates, thús fûn. Tates kaam sels ek om it libben. Om't de plysje op syk wie nei in motyf foar syn die, waard ek ûndersyk dien nei wat dat Oera Lindaboek no krekt is.

Oera Linda-boek - Foto: Omrop Fryslân

Heechlearaar Goffe Jensma is doe tsien jier lyn opbelle troch de resjerzje om mear ynformaasje oer it boek te krijen, is no bekend wurden. "It wie hiel apart. Wêrom belje se my, frege ik my ôf."

Fûn op syn keamer

"De klam moat wol lizze op it wurdt 'mooglik'", seit Jensma. "Want it is noch net sa maklik om te bewizen dat it boek Karst Tates ta syn die ynspirearre hat. Mar it wie foar de resjerzje wol reden om my te beljen. Op syn keamer fûnen se geskriften oer runen (âldst bekende skrift brûkt troch de Germaanske folkeren red.) en oer it Oera Linda-boek." It is net dúdlik oft hy it boek echt lêzen hat. "Yn it resjerzjerapport is it boek ek net neamd."

"It is it bysûnderste boek út de Fryske literatuerskiednis", fertelt Jensma. "It hat sa'n soad diskusje losmakke oer de fraach oft it echt is of net."

Ultra-rjochtse lêzers

Minsken dy't leauwe yn de echtheid fan it boek, sitte faak oan de ultra-rjochtse kant fan de maatskippij. "Alt-right dus. Foar de oarloch sieten sokke minsken faak yn de nazibeweging", seit Jensma. "Se genietsje foaral fan it geheimsinnige dat it boek mei him meibringt. It boek is hiel lestich te lêzen, sa it dat ek bedoeld. Je reitsje hiel maklik it spoar bjuster yn it boek. Foar guon minsken kin dat ek hiel noflik wêze, om't it wjerspegelet fan wat der yn harren hollen ek om spilet."

Oft it boek ek oansette kin ta agresje kin Jensma net sa sizze, mar der binne wol parten dy't op bepaalde manieren te ynterpretearjen binne. Jensma: "Ik moat it hiel foarsichtich sizze, mar der steane sinnen as: 'oer safolle jier komt der in profesije en dan sil it bloed fan alle keningen en preesters oer de ierde floeie'. Sokke sinnen komme yn it boek foar. Ja, wa wit."

Goffe Jensma oer it Oera Linda-boek yn relaasje ta Karst Tates

Mear witte oer it Oera Linda-boek? Bert Looper fan it Tresoar hat der in powerkolleezje oer hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)