Trije nije dokumintêres foar projekt Nije Eagen

13 jun 2019 - 15:48

Trije jonge telefyzjemakkers binne dwaande mei trije nagelnije dokumintêren yn it ramt fan it projekt Nije Eagen. De makkers binne ferline jier op basis fan in filmke fan ien minút útkeazen, om no in langer ferhaal te meitsjen foar Nije Eagen. It projekt wurdt dit jier foar de twadde kear organisearre.

Foto: New Noardic Wave

De dokumintêremakkers krije help op it mêd fan crowdfunding, finansiering en wurde ek begelaat by it meitsjen fan har dokumintêre. Ien fan de makkers is de Skylger Tristan Visser. Hy wurket oan syn film 'Onder Water', oer it effekt fan lûdsfersmoarging ûnder wetter.

Menno Boersma en Marinthe Hek binne yntusken dwaande mei 'Onsje Minder'. It wurdt in dokumintêre oer ús itenssysteem en de wize wêrop't wy ite.

De tredde dokumintêre hjit 'Doorgaan' en is fan Johanneke Dijkstra en har team. It giet oer Piet Rozendaal, in ferneamde bokser út Ljouwert. De dokumintêre giet oer krêft en oerlibjen.

Fryslân DOK

It einresultaat is te sjen by Omrop Fryslân yn in Fryslân DOK. Ferline jier wie Nije Eagen foar it earst. Doe smiet it ek trije Fryslân DOKs op: 'Soart fan itselde' fan Jan Martien Bakker, 'De Muze' fan Tom Tieman en 'Ferjit my net' fan Froukje van Wengerden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)