FNP: skoallen foar sjoernalistysk moatte ek Fryske les jaan

13 jun 2019 - 15:15

De skoallen foar sjoernalistyk soene Fryske les jaan moatte oan oankommende sjoernalisten. Deputearre Steaten soene dêr by de skoallen op oantrúnje moatte. Dat fynt de Steatefraksje fan de FNP. Oanlieding is in wurkbesite oan Omrop Fryslân. Dêrby waard it de FNP dúdlik dat it foar de omrop dreech is om goed kwalifisearre sjoernalisten oan te lûken dy't it Frysk ek goed yn de macht ha.

Foto: ANP

Neffens de FNP hat it Europeesk Hânfêst foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden it ek oer in oplieding foar sjoernalisten yn regionale talen. Dat hânfêst is de basis foar de bestjoersôfspraken tusken Ryk en provinsje.

De FNP hat ek heard dat it weromkennen fan teksten yn it Frysk troch Google en oare sykmasines noch net optimaal is. Dêrom kin Omrop Fryslân op it stuit noch neat oars as titels fan fideo's op ynternet yn it Nederlânsk te dwaan. Dat jildt ek foar teksten en filmkes fan oare organisaasjes, bedriuwen en priveepersoanen, seit de FNP. De partij wol witte oft Deputearre Steaten dêr ek wat oan dwaan kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)