HEA! Bor, de tennisbaanhûn

13 jun 2019 - 14:21

It is in echt koppel en se binne grutte maten. Ype Tiekstra en syn bordercollie Bor hearre al 13 jier by elkoar. Op de tennisbaan yn Aldegea is Bor in like bekende ferskining as syn baaske. As Ype oan it tennisjen is, dan hat Bor in wichtige taak. Se hellet alle ballen dy't bûten de baan komme op en bringt se netsjes wer werom.

(advertinsje)