Oranje spilet earste thúswedstriid EK-kwalifikaasje op It Hearrenfean

13 jun 2019 - 13:57

De Oranjefroulju spylje harren earste thúswedstriid foar kwalifikaasje foar it EK op It Hearrenfean. De regearjend kampioen fan Europa treft Turkije yn it Abe Lenstrastadion op tiisdei 3 septimber. De ploech fan Sarina Wiegman spile in jier lyn ek al op It Hearrenfean, dat wie doe yn de WK-kwalifikaasje.

Foto: orangepictures.nl

De fuotbalsters, mei Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts, binne no yn Frankryk aktyf op it WK. Se iepenje de EK-kwalifikaasje op freed 30 augustus yn en tsjin Estlân. Fjouwer dagen letter spylje de froulju harren earste ynterlân ea tsjin Turkije.

Yn it neijier spilet Oranje ek noch thúswedstriden tsjin Ruslân (8 oktober) en Slovenië (12 novimber). De lokaasjes binne noch net bekend.

(advertinsje)