'Maskotte' Gerard Bos sjocht Amerikaanske St. Louis Blues kampioen wurden

Gerard Bos fan Ljouwert is hielendal út 'e skroeven, no't syn favorite iishockeyteam, de St. Louis Blues, foar it earst yn de histoarje kampioen fan de National Hockey League-kompetysje wurden is. De ploech wûn yn de finale fan de Boston Bruins mei 4-1. Sportferslachjouwer Bos is al langer grut fan fan de lytse, yn Nederlân ûnbekende ploech.
Gerard Bos
Doe't dy kâns makke op it kampioenskip, begûnen freonen fan Bos in crowdfundingaksje om de reis nei Amearika mooglik te meitsjen. Hy krige safolle jeften binnen, dat hy ek oare wedstriden besjen koe. Hy waard derfoar útnûge of minsken leine jild foar in kaartsje op it kleed, faak mei hiel persoanlike ferhalen. Bos waard in lokale bekendheid troch allerhande media-optredens.
Troch de winst wurdt hy no troch guon supporters sjoen as in maskotte. Bos sels is aardich ûnder de yndruk fan al it entûsjasme ûnder de supporters. De sfear ûnder de wedstriden is neffens him geweldich. Hy fergeliket it mei de sfear en spanning ûnder de WK-wedstriden fan it Oranje-alvetal.