Cambuur-direkteur De Graaf: "Dit is vervelend voor de club"

13 jun 2019 - 11:35

It is net goed foar SC Cambuur dat trije fan de fjouwer leden fan de ried fan kommissarissen opstappe. Dat fynt algemien direkteur Ard de Graaf fan de Ljouwerter fuotbalklup. Hy wol net ynhâldlik reagearje op it hoe en wêrom, mar jout wol oan dat dit skea tabringt: "Dit is vervelend voor de club."

It opstappen fan RfK-foarsitter Johan Schikker, Rudy Douma en Jan Koster is net oer ien nacht iis gien, sa seit De Graaf. "Dit speelt al een tijdje. Dit is na een bepaalde periode de slotsom. We hebben niet met modder gegooid of elkaar de hersens in geslagen. Maar dit is de uitkomst. Het is niet leuk, maar het is zoals het is."

De Graaf wol neat oer de eftergrûnen sizze. Hy ferwiist nei de ferklearring dy't de partijen jûn hawwe en dy't te lêzen is op de webside fan de klup. "We laten het bij een verschil van inzicht, daar geven we inhoudelijk geen toelichting op. Dat hebben we afgesproken met het stichtingsbestuur, de raad van commissarissen en de directie, dus daar houd ik me ook aan. Het is duidelijk dat dit vervelend is voor de club en voor mensen", fertelt De Graaf.

De ried fan kommissarissen giet earst fierder mei trije minsken. Bert Hollander siet der al yn en bliuwt sitten. Jan Koster draacht de kommende moannen syn taken oer en sil yn de simmer ôfskied nimme. Gerrit Krol, âld-wethâlder fan Ljouwert en âld-boargemaster fan It Bilt, siet al yn it stichtingsbestjoer en nimt ek in plak yn de RfK yn.

It stichtingsbestjoer bestiet neist Krol út Hayo Apotheker, Dirk Bootsma, Cees Anceaux, Dirk Visser en Cees Jansma.

Foto: Omrop Fryslân

Foar de besluten dy't naam wurde moatte by Cambuur, hat it opstappen fan de kommissarissen gjin ynfloed. "De raad van commissarissen is op kracht, want ze zijn met zijn drieën. Het stichtingsbestuur zit daarboven. Alles kan functioneren zoals het moet en we kunnen alle beslissingen nemen, die we moeten nemen", sa seit De Graaf. "De pijn moet je nemen met elkaar en we moeten nu door om de club op het nieuwe seizoen voor te bereiden."

Ried fan kommissarissen

De leden fan de ried fan kommissarissen wolle allegear net reagearje. Dat is ôfpraat, mei de direksje en it stichtingsbestjoer, sa sizze se.

(advertinsje)
(advertinsje)