Arriva set ekstra spitsbussen yn tusken It Hearrenfean en Grins

13 jun 2019 - 11:22

Ferfiersbedriuw Arriva set nei de simmerfakânsje mear spitsbussen yn tusken It Hearrenfean en Grins. Yn de spits rydt de Qliner 315 dan fjouwer kear yn de oere yn stee fan twa kear. De ekstra bussen ride fan 26 augustus ôf yn sawol de moarns- en middeisspits.

Foto: Arriva

De spitsbussen binne mooglik nei in ekstra finansjele ynjeksje fan de provinsje om de kwaliteit fan it iepenbier ferfier te ferbetterjen.

(advertinsje)