Gemeenteried Ljouwert akkoart mei nijbouplannen Unia

13 jun 2019 - 10:40

De gemeenteried fan Ljouwert stimt yn mei de plannen foar it nijbouplan Unia oan de súdkant fan Ljouwert. Der wie in soad diskusje oer de plannen om't omwenners fûnen dat de wenten te ticht op de besteande bebouwing komme. Ek de wenarkbewenners, dy't de tasizzing ha fan frij útsicht fan 30 meter, wiene kritysk. Neffens wethâlder Hein de Haan hat de ried rekken hâlden mei alle belangen.

Foto: www.dezuidlanden.nl

De plannen wiene al oanpast, mar omwenners en ek de Ljouwerter riedsleden bleaune kritysk. De omwenners kamen mei in eigen plan mei in stik minder wenten. Dat soe lykwols in soad ekstra jild kostje, om't der dan minder huzen ferkocht wurde koene.

"We kunnen nu door met het uitwerken van de plannen voor Unia en we hebben helderheid over wat het plan wordt", seit wethâlder Hein de Haan oer it beslút.

Rekken hâlde mei alle belangen

Neffens him is der no aardich temjitte kaam oan de winsken fan omwenners. "Ik denk wel dat er een keuze is gemaakt waarbij er een uiterste poging is gedaan om rekening te houden met álle belangen. We hebben opnieuw met iedereen gepraat, we hebben inzichtelijk gemaakt wat alle wensen zijn van iedereen", seit De Haan.

"Die wensen zijn nogal tegengesteld. En we hebben de kosten inzichtelijk gemaakt. De raad heeft gisteren een keuze gemaakt waarbij rekening wordt gehouden met genoeg ruimte, 50 meter afstand. Ik kan me goed vinden in die keuze."

Minder huzen gjin opsje

Der leit in belangrike bou-opjefte foar Ljouwert. Der is nammentlik sprake fan krapte. Minder huzen wie dêrom net in realistyske opsje. "Het zou het plan financieel niet meer haalbaar maken. Als er gekozen zou worden voor het plan van de bewoners, dan zou dat vier miljoen euro extra kosten. Dat ging de raad een stap te ver."

No sil der earst in bestimmingsplan opsteld wurde. "Ik wil graag een klankbordgroep in het leven roepen, waarbij de vertegenwoordigers van al die bewoners in zitten, om met elkaar te kijken hoe we het gaan aanpakken." It sil nei alle gedachten noch wol in pear jier duorje foardat de bou úteinlik fan start giet.

Oare oanpak

Neffens De Haan hawwe de drege omstannichheden by Unia wol soarge foar in oare oanpak by oare bouplannen. "We gaan in een veel eerder stadium met bewoners praten. We zijn nu ook bezig met De Hem, een ander buurtschap onder Goutum. Daar zijn we voordat we gingen tekenen al gesprekken gaan houden met het wijkpanel. We proberen mensen hun wensen en verwachtingen op te halen en beter te communiceren."

Wethâlder Hein de Haan

(advertinsje)
(advertinsje)