Liveblog | 13 juny 2019

LIVEBLOG: De twadde dei fan de saak-Van Seggeren

Folgje hjir live de twadde dei fan de behanneling fan de rjochtsaak-Van Seggeren.
Lêst bywurke: 14 juny 2019, 08:41
18:34

Ein fan dit liveblog

Mei de strafeask fan de offisier fan justysje slute we dit liveblog ôf. De twadde dei fan de saak-Van Seggeren sit derop. Moarn fan 09.30 oere ôf giet de rjochtsaak fierder en kinst de saak fansels ek wer live folgje by Omrop Fryslân.
18:27

Eask 20 jier selstraf

De offisier fan justysje hat niiskrekt 20 jier selstraf easke tsjin de widdo fan Tjeerd van Seggeren.
18:10

Plan

Mous: "Ik ga er vanuit dat de verdachte met de medeverdachte weg is gereden. Het is vrijwel uitgesloten dat de verdachte dit alleen Tjeerd kon aandoen. Daar zit een plan achter. Steeds gedacht aan het uitschakelen van telefoons. Ik ben van mening dat er sprake is van medeplegen en moord; van voorbedachte rade."
17:58

Moardwapen

It moardwapen is ferfierd yn de Mercedes dêr't de fertochte yn ried dy jûn en nacht dat Tjeerd van Seggeren fermoarde waard. Dat seit de offisier fan justysje op basis fan it finen fan spoaren fan blauwe ferve yn de auto. Deselde ferve dy't op it lichem fan Van Seggeren siet.
17:53

"Gjin alternatyf senario mooglik"

De tsjûge dy't in frou en in man sjoen hat by it plak delikt wurdt ek oanhelle. Op basis fan de telefoangegevens wurdt dúdlik dat de fertochte "in de onmiddellijke nabijheid van Tjeerd" wie. Neffens Mous is der gjin alternatyf senario mooglik. Hy jout ek heech op fan de ekspertize fan de saakkundigen by de plysje dy't benammen de digitale spoaren ûndersocht hawwe. Ut dat en oar ûndersyk docht bliken dat de fertochte har telefoan yn de auto achterliet en nei alle gedachten útsette, doe't sy op syk gie nei har man dy nacht. Unlogysk dat sy dat die, fynt de offisier fan justysje, je nimme je telefoan dan mei. Neffens Mous kinne je oan it swiere letsel fan Tjeerd ek sjen dat hy him ferward hat.
17:50

In koarte gearfetting fan dei twa oant no ta

Koarte gearfetting fan dei 2 oant no ta