Kollum: "Lûd laitsje"

13 jun 2019 - 09:03

"Der stie yn it Pinksterwykein in goed ynterview yn De Volkskrant mei akteur Rick Paul van Mulligen. Rick Paul is bekend fan de searje A'dam - E.V.A., fan Wie is de Mol en fan it toaniel; hy hat in soad by Toneelgroep Oostpool út Arnhem spile. Hy is berne yn Uithuizen, sa'n bytsje it noardlikste plak fan Grins. Fjouwer pagina's mei tekst yn it magazine, en likefolle pagina's mei foto's.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Rick Paul yn in himd mei de hân oer syn holle, Rick Paul yn in blauwe jurk foar in blau keamerskerm, Rick Paul yn in ljochtgriene overal ûnder in gerdyn en Rick Paul mei in swart pak oan en hege hakken op in bêd. Húskeamerglamour, Instagram-style, soe ik sizze. Rick Paul is in moaie jongeman, en is, sa skriuwt Herien Wensink op: 'een imposante verschijning' mei 'een hoogblonde, engelachtige broosheid'.

It giet oer syn bekendheid en hoe't hy dêrmei om giet. Hy falt op mannen, en is net benaud in rolmodel te wurden foar jonge LHBT-ers. De kwoot boppe it stik is "Ik zit kennelijk in het bakje vrolijke nicht", en it giet fuortendaliks oer hoe't hy in 'regenbooggezin' hat, mei in man, freondinne en in soantsje fan twa. Hy fertelt graach oer hoe't syn húshâlding ta stân kommen is, en myn yndruk is dat dit grif in moai foarbyld wêze kin foar jonge minsken dy't harren net thús fiele yn it standert hetero-model.

Mar it gie ek oer syn wei dêr nei ta. As bern hie Rick Paul stikem in poster fan de sjonger Peter Andre, hunk fan de jierren '90, ûnder syn bêd. Derûnder, want dan soe syn mem der wol net achter komme. Hy ferklaaide him graach en hie mear freondintsjes as freontsjes. Der wie allinnich net ien yn syn omjouwing dy't iepenlik homoseksueel wie. Hy seit: "Ik wist niet eens dat het bestond." Dat feroare doe't Freddy Mercury deagie, de sjonger fan Queen ferstoar yn 1991 oan 'e gefolgen fan hiv.

De mem fan Rick Paul lei him, doe alve jier, wat ûnhandich út hoe't it siet, en sei 'om't hy mei froulju en ek mei mannen nei bêd gie'. Yn 'e holle fan in jonge jonge wurdt dat dan automatysk: dat kinst dus mar better net dwaan, want dan gean je dea. Oef. Foar dy gedachte wie de útlis fan syn mem trouwens net nedich: gewoan opgroeie yn 'e jierren tachtich en njoggentich wie genôch. Doe't Rick Paul in pear jier letter syn earste seksuele dinges mei in oare jonge hie, nochal ûnskuldich, wie dat foar him fantastysk, mar hy tocht ek: myn libben is foarby, en hy hat in heale dei ûnder de dûs stien, skrobje en poetse. Sjoch, dan giet der wat mis.

No, yn syn folwoeksen en suksesfolle libben hat hy noch altyd sosjale ûnwissens; hy seit dat der eins gewoan deadsbenaud is foar manlju. Neidat er dit ferteld hat, laket Rick Paul lûd, sa skriuwt Wensink op. Ik fyn dat opfallend. Ja, it is grappich, want hoe komme je troch de wrâld as je benaud binne foar de helte fan de minsken. Mar yn elke grap befettet in wierheid, en foaral as der troch de makker lûd om lake wurdt. Ik moat tinke oan de 'funny guy'-sêne út de film Goodfellas.

Ik sjoch de ekstravagante foto's fan Rick Paul ek as in foarm fan lûd laitsje. It is in manier om de spanning út de loft te krijen, en boppedat der sels as in grappige jonge út te kommen. Ik tink dat der noch wol wat hetero's binne dy't wat leare kinne fan de LHBT's dy't harren klaaie en hâlde sa't se sels leuk fine, en net neffens heteronoarmen, wat dy ek binne.

'Extravaganza' is goed en oprjocht as it net oer de oar giet, mar oer ien sels. Mar sadree't ien him- of harsels oerrazen giet, is der wat oars oan 'e hân. En dat kin twa kanten op.

Ik fiel my ferbûn mei Rick Paul, as leeftiidsgenoaten, as noarderlingen-om-utens en as LHBT's, en ek yn 'e sosjale ûnwissens, de âlde eangst foar hiv, en de ûnhandichheid mei maskulinens. Ik skipperje sels ek gauris tusken 'posearje' en 'wêze', al posearje ik miskien soms mear nei de manlike kant. Mar wol ik yn it bakje 'vrolijke nicht'? Wat binne de oare bakjes? Hat Rick Paul wier syn bakje fûn, sûnder lûd te laitsjen? Ik hoopje dat hy net altyd oan it posearjen is, mar dat er it wier nei syn sin hat yn syn 'regenbooggezin'. Ik tink it al, mar der ûntstean soms in protte nijsgjirrige fragen tusken de regels fan goeie ynterviews."

(advertinsje)