Iepenloftspul 'De Lêste Floed' yn Brantgum set útein

13 jun 2019 - 08:42

Nei moannen fan tarissing is it tongersdeitejûn dan einlings sa fier: de earste fan seis foarstellingen fan it iepenloftspul fan Brantgum set útein. Yn 'de Lêste Floed' stiet de húshâlding fan Tsjerk Vogel sintraal, dy't de see-ynhammen, dy't ferdwûn binne doe't de Lauwerssee de Lauwersmar waard, werom krije wol.

Foto: Omrop Fryslân

It is tagelyk it ferhaal fan in generaasjekonflikt tusken him en syn soannen, dy't harren eigen paad kieze. It iepenloftspul is skreaun troch Baukje van Hijum op basis fan it boek 'De lêste floed' fan Durk van der Ploeg.

Woansdeitejûn wie de try-out. "Dy gie hiel goed. We hiene ek moai publyk foar de try-out en it wie hartstikke moai waar. We hiene meiwurkers en kliïnten fan thússoarchorganisaasje Het Friese Land útnûge", fertelt regisseur Atsje Lettinga.

De grutste spanning is der lykwols noch net ôf. "We ha juster dochs wol geniete fan de reaksjes fan de taskôgers. Dy wiene hertferwaarmjend. Wat we mei de foarstelling woene, hawwe we al in hiel soad fan werom krigen."

Hoe neakener, hoe better

De organisaasje hie earst grut útpakke wold, mei grutte dekôrs, mar hat der dochs foar keazen om it hiel lyts te hâlden, mei in soad symbolyk. "Sa yn it proses waard it motto 'hoe neakener, hoe better'. We seinen: hoe mear ast fan dysels sjen litte kinst, hoe moaier. Alles dêromhinne hawwe we hieltyd mear minimalisearre, wêrtroch't der nei ús gefoel in prachtich belibbingsstik oerbleaun is."

Klaai

Lettinga wennet sels yn Bûtenpost, mar is hikke en tein yn it gebiet dêr't it stik spilet. "Ik ha it gefoel dat dy klaai dochs wol in protte ynfloed hat en absolút ek it eb en floed. Dat meganisme fan de sinne, de moanne, de see en it lân", fertelt se.

"Wat ik sels hiel moai fûn: we hawwe in grutte bak slyk yn it dekôr en as ien fan ús spilers dêr yn om sit te rearen en te skeppen, dan rûkst it slyk. En dat is in hiel unike geur."

(advertinsje)