Gemeenten nei Den Haag mei petysje foar mear jild jeugdsoarch

Al 140 gemeenten stean efter de petysje foar mear jild foar de jeugdsoarch. It inisjatyf foar de petysje komt ûnder oare fan Tytsjerksteradiel, Hearrenfean en Opsterlân. Yn de petysje wurdt oan de Twadde Keamer en it kabinet frege om genôch jild beskikber te stellen foar it sosjaal domein. Tongersdei sille ferskate gemeenten nei Den Haag om de petysje oan te bieden.
Wethâlder Jelle Zoetendal (It Hearrenfean) oerlanget de petysje oan Twadde Keamerlid Henk van Gerven © Gemeente Opsterlân
In soad gemeenten hawwe op it sosjaal domein tekoarten en dan benammen op de jeugdhelp. Wethâlder Jelle Zoetendal sil út namme fan de gemeente Hearrenfean ôfreizgje nei Den Haag. "We sille de petysje oanbiede oan de Keamerkommisje foar de soarch, en dus ek de jeugdsoarch", fertelt er.
"Wy hawwe de petysje útsetten nei kolleezjes. Dy 140 gemeenten binne dus goed 500 boargemasters en wethâlders dy't harren soargje meitsje oer de strukturele tekoarten dy't we hawwe."
Wethâlder Jelle Zoetendal
Earder siet de jeugdsoarch by it Ryk. Yn 2015 is it oergien nei de gemeenten. Neist de rop om ekstra jild binne de gemeenten ek dwaande om de jeugdsoarch oars te organisearjen, mar dat kostet tiid.

Vereniging van Nederlandse Gemeenten

Der binne yn totaal 355 gemeenten yn Nederlân, dus minder as de helte dêrfan stipet de petysje. Zoetendal is lykwols net benaud dat dit as argumint brûkt wurde sil troch de polityk. "Ik tink dat dat wol wat tafalt. We binne al langer yn petear oer de tekoarten dy't we hawwe. Dat docht ús brânsjferiening, Vereniging van Nederlandse Gemeenten, ek", fertelt er.
"Ik tink dat ek in soad gemeenten derfoar keazen hawwe om it fia de brânsjferiening te dwaan. Wy hawwe wol sein mei in pear gemeenten: it is goed dat wy net allinnich by it kabinet, mar ek by folksfertsjintwurdigers oanklopje."

Prinsjesdag

De gemeenten ferwachtsje net fuortendaliks in pûde mei jild mei te krijen. "We wolle foaral dat Keamerleden yn de oanrin nei Prinsjesdag goed skerp binne op de strukturele tekoarten."
Zoetendal tinkt dat it lanlik tekoart op 1,5 miljard euro yn it jier leit. It kabinet hat lykwols 300 miljoen euro beskikber steld foar in pear jier. "Dat jout wol oan hoe grut dat gat is."