Seldsume 'ljochtsjende nachtwolken' te sjen boppe Fryslân

Wa't woansdeitejûn krekt nei sinneûndergong of tongersdeitemoarn krekt foar sinne-opgong nei bûten seach, koe bysûndere loften gewaarwurde. Der wie nammentlik sprake fan saneamde 'ljochtsjende nachtwolken'. It bysûndere waarfenomeen is allinnich yn dizze perioade, om de langste dei fan it jier hinne, te sjen.
© Anton Kappers
De sinne gie om 22.00 oere hinne ûnder en koart nei alven waarden de nachtwolken hieltyd better sichtber. Yn tsjinstelling ta wat de namme tinken docht, jouwe dizze wolken sels gjin ljocht. It ljocht is ôfkomstich fan de sinne.
Ljochtsjende nachtwolken komme foar op ûngefear 75 oant 85 kilometer hichte. Folle heger as gewoane wolken, dy't op maksimaal 20 kilometer hichte hingje. Nei sinneûndergong wjerkeatse dy hege wolken noch in skoft sinneljocht.
Gewoane wolken stekke dêr tsjuster tsjin ôf en kleurje nei sinneûndergong earst read en dêrnei donkergriis. De ljochtsjende nachtwolken bliuwe lykwols wyt, giel-oranje of ljochtblau.

Minuskule dieltsjes

It ûntstean fan dizze nachtwolken hâldt ferbân mei in grut oantal minuskule dieltsjes yn de boppeste lagen fan de atmosfear. Dat kin bygelyks stof wêze, ôfkomstich fan meteoriten. Ek is der wetterdamp nedich en in hiel lege temperatueren tusken de -90° en -145° Celsius. Op dy dieltsjes set him dan in laachje iis ôf. Troch it iis dat om de dieltsjes hinne sit, wurdt sinneljocht wjerkeatst.