Rebûlje by Sportklup Cambuur: trije kommissarissen stappe op

Der is rebûlje yn 'e top fan Sportklup Cambuur. Trije leden fan de ried fan kommissarissen - foarsitter Johan Schikker, Rudy Douma en Jan Koster - hawwe besletten om op te stappen. Oanlieding is in skeel oer de wize wêrop't de klup bestjoerd wurdt.
© ANP
De kommissarissen en it stichtingsbestjoer hawwe ôfsprutsen dat Koster de kommende moannen de saken oerdrage sil. It stichtingsbestjoer sil dêrnei in nije ried fan kommissarissen formearje.
It stichtingsbestjoer fan Cambuur hat yntusken Gerrit Krol taheakke oan de ried fan kommissarissen as tydlik lid. Bert Hollander, dy't al kommissaris wie, bliuwt sitten.