Foarstel foar nij terrein Garden of dance : Snitswike-feest komt op it Bristolterrein

12 jun 2019 - 22:02

"Het hoge woord is eruit," makket de organisaasje fan Garden of Dance bekend. It bekende dancefeest fan de Snitswike komt yn 2019 op it Bristol-parkearterrein oan de Prins Hendrikkade. Earder wie de takomst fan it feest ûnwis, om't de Stedhûstún net mear beskikber is en omwenners it festival ek net by it Feemerkterrein wolle. No is der lang om let in oplossing.

It dancefeest yn de Snitswike - Foto: Organisaasje Garden of Dance

Organisator Jeroen Broeders

It festival waard ôfrûne jierren altyd yn de tún fan it stedhûs yn Snits organisearre, mar de tún is net mear beskikber om't it gemeentehûs herboud wurdt. It plan wie om it evenemint op it Feemerkterrein te hâlden, mar omwenners en ûndernimmers wiene dêr op tsjin. De gemeente gie net fierder mei dizze plannen.

De gemeente Súdwest-Fryslân, de organisaasje fan de Garden of Dance en Sneekweek 2.0 hawwe lang oerlein oer in mooglike ferfangende lokaasje. Ek moast de organisaasje yn petear mei de brânwacht, plysje en oare helptsjinsten. No is der dus wol in nij plak: it parkearterrein oan de Prins Hendrikkade.

Betingsten

Omwenners fan it Bristolterrein wurde fia in brief op 'e hichte brocht. Op 29 july set de opbou fan it festival útein. Op it parkearterrein moatte in poadium, bars en toiletten komme. It evenemint sels duorret fan 2 augustus oant en mei 10 augustus, fjouwer dagen letter moat it terrein wer hielendal opromme wêze.

It evenemint duorret alle jûnen fan 20.00 oant 01.00 oere. Der sil strang op tasjoen wurde dat der net mear as 3.500 minsken op it terrein binne. Yn de fergunning is fierder opnaam dat it feest net mear lûd produsearje mei as 85 desibel. Dit is ek de grins dy't jilde sil foar de oare poadia yn it sintrum fan Snits.

Prins Hendrikkade ôfsletten

De Prins Hendrikkade is tusken de twa rotonden ôfsletten foar it ferkear tusken 20.00 en 02.00 oere. Inkeld de spesjale Sneekermeerbus, de helptsjinsten en bewenners fan de strjitte krije frije trochgong.

Berikberens winkelstrjitte

De winkels oan de Easterdyk binne oerdeis berikber fia it parkearterrein, mar de trije stegen nei de winkelstrjitte binne tusken 20.00 en 02.00 oere ticht. Oant 18.00 oere kinne minsken harren auto's ek noch kwyt op in grut part fan it terrein.

Nije wike woansdei in der in ynrinjûn oer de plannen foar it feest op it Bristolterrein.

(advertinsje)
(advertinsje)