UPDATE: Frou út Drachten om it libben kaam by ûngelok op N381 Easterwâlde

12 jun 2019 - 22:02

By in ûngelok op de N381 by Easterwâlde is woansdeitejûn in 74-jierrige frou út Drachten om it libben kaam. Dat meldt de plysje. In auto en in frachtwein kamen op de dyk mei elkoar yn botsing. De auto is dêrby yn 'e sleat rekke.

Der waarden meardere helpferlieners oproppen, wêrûnder de brânwacht en in traumahelikopter. Hoe't de auto en de frachtwein krekt yn botsing kamen, is net bekend. De N381 by Easterwâlde wie woansdeitejûn noch hieltyd ôfsletten. De plysje docht dêr noch ûndersyk.

Foto: De Vries Media
Trefwurden: 
ûngelok Easterwâlde N381
(advertinsje)