Nederlânske follyballers wis fan finale European League nei winst op Estlân

12 jun 2019 - 22:00

De Nederlânske follybalmanlju, mei yn de basis Gijs van Solkema fan Snits, hawwe harren woansdeitejûn yn Hoogeveen pleatst foar de finale fan de European League. Oranje wûn mei 3-0 fan Estlân en konkurrint Spanje gie yn Alicante ferrassend ûnderút tsjin Kroäsië. Dêrmei is it Nederlânske team wis fan de einwinst yn pûl B.

Foto: Orange Pictures

Oranje hie tsjin Estlân noch wat goed te meitsjen; de útwedstriid einige foarige wike yn in 3-2 nederlaach. Woansdeitejûn wie dêr gjin sprake fan. Yn trije sets, 25-19, 25-17 en 25-17, wûn it Nederlânske team.

Nederlân spilet takom sneon noch de lêste groepswedstriid tsjin Kroäsië. De finales binne op 22 en 23 juny yn Estlân.

Trefwurden: 
follybal European League
(advertinsje)