Fierljepwedstriid yn Burgum proai foar Ysbrand Galama

12 jun 2019 - 21:32

De sechde fierljepwedstriid fan it seizoen yn Burgum is woansdeitejûn wûn troch Ysbrand Galama fan Warkum. Mei in ôfstân fan 20.16 meter, de fierste fan it seizoen, hold er Thewis Hobma (19.65 meter) fan Harns fan de oerwinning ôf. Jan Teade Nauta fan Drylts einige mei 19.04 meter op it tredde plak.

By de froulju gie de deititel nei Akke Dijkstra fan Bûtenpost. Sy ljepte mei 14.12 meter fierder as Sigrid Bokma (13.80) fan Hylpen en Boukje de Boer (13.51) fan It Heidenskip.

By de famkes wie de fierste sprong fan Tirza Boschma fan Drylts lykwols fierder as de winner by de froulju. Boschma ljepte nei 14.23 meter, foar Pytrix Westra (13.91) en Femke Rispens (13.75) dy't respektyflik twadde en tredde waarden.

Foar junior Wietse Nauta fan Drylts wie it syn sechde oerwinning op rige. Mei in ôfstân fan 18.34 meter pakte er woansdeitejûn de oerwinning yn Burgum. Jesper Demmer fan Warkum kaam lykwols tichteby, mei in persoanlik rekôr fan 18.01 meter. Minne Smit fan Winsum waard tredde mei 16.18 meter.

By de jonges wie it net Rutger Haanstra mar Riemer Durk Krol fan Heech dy't de oerwinning pakte. Syn 17.16 meter wie fierder as Haanstra, dy't mei 16.73 meter twadde waard. Wytse Steensma fan De Jouwer einige op it lêste poadiumplak by de jonges.

De 'Eelke Scherjon Memorial', dy't sneon net trochgie fanwegen it minne waar, jildt ek as it earste promoasje/degradaasje-momint fan it seizoen. Dat smiet foaral by de froulju in tal nijsgjirrige ferskowingen op.

Marrit van der Wal is by de froulju promovearre nei de earste klasse. De Heidenskipster, en hâldster fan it Nederlânsk rekôr (17.58 meter), hat ferline jier mist fanwegen in operaasje oan 'e knibbel en moast yn de twadde klasse begjinne. Se wûn tiisdei yn Burgum mei 16.00 meter, in seizoensrekôr, en is no werom op it heechste nivo.

Datselde jildt ek foar Anna-Jet Leyenaar út Snits. De no 26-jierrige mearfâldich Frysk- en Nederlânsk kampioene hold acht jier lyn op fanwegen stúdzje, mar wol noch ien kear sjen wêr't har sportive grinzen lizze. Sy stiet twadde yn it klassemint by de topklasse froulju, efter Marrit van der Wal. Regearjend Frysk kampioene Sigrid Bokma út Hylpen is tredde.

(advertinsje)